-4- Yn it kolleezjewurkprogramma is sprutsen oer in bedrach fan 100.000,foar it Aldereinwurk. Not der 40.000,beskik- ber steld wurdt en der al 44.000,al op'e begrutting stie plus de 19.000,foar de waarm-miel-foars jenning kin har fraksje akkoart gean. Salang der gjin museumbelied formulearre is sil der in ienmalige bydrage jün wurde. Der binne goede plannen oangeande de V.V.V. Mid-Fryslan. Om dizze plannen stâl te jaan sil de gemeente ek wat dwaan moatte. It bedrach oangeande automatisearring en meubilêr giet har fraksje akkoart mei. De bydrage foar de Boarnsterstim moat altiten wêze. De Boarn- sterstim is net mear wei te tinken út'e gemeente. De frijwilligers bringe datjinge by ús thús wat tichteby bart. Ek mei it bedrach foar it ôfstjitten fan'e tennisbanen kin har fraksje ynstimme. Frou Faber seit dat de ôfspraak mei de rie wie dat fan it fikse rekkenoerskot oer 1989 100.000,beskikber te stellen foar winsken dy't lizzen bleaun binne. Dat is hiel terjochte. Subsydzje-oanfragen binne yn't ferline ôfwezen omt der gjin romte wie yn'e begrutting fan 1989 en 1990. No't bliken docht dat der in oerskot is is it hiel terjochte ienmalich hiel wat te dwaan It oerskot op'e begrutting oan de ein fan it jier en dêroan foar in part in bestimming te jaan is yn jierren net bard. Eartiids wie dat in gewoante. Mar no't de reserve wer op peil is en der gjin grutte tsjinfallers te ferwachtsjen binne is it goed nei te gean wat der yn 1990 oer is. Dan is der in rychje winsken dat troch har fraksje toetst is oan it kolleezjewurkprogramma en oan it útgongspunt fan in goed- rinnende organisaasje. Under oaren it Lytse Kearnenbelied, de Boarnsterstim, it museum, de automatisearring, it Aldereinwurk, it Rekreaasje/Promoasjebelied en meubilêr gemeentekantoar is har fraksje mei akkoart. Dan bliuwe der 3 saken oer: it roaien fan'e beamstobben, de promoasjefilm en it grut ûnderhâld tennisbanen. Dit leste is in goede saak en in útfloeisel fan'e oerdracht fan'e tennisbanen oan'e ferienings. Oer de oare twa saken bestiet by har fraksje ferskil fan miening. Der binne twifels oer it roaien fan'e beamstobben en it is spitich dat der hielendal gjin ferklearring by jün is. Achterôf docht bliken dat it wol in goede saak is, mar wat is net in goede saak! Der binne ommers in hiel protte winsken. Se wol de diskusje oangeande de promoasjefilm Sfwachtsje mar seis hat se der wol grutte muoite mei. Fral de fraach oft dit no op dit momint moat. It aldereinwurk krijt in ienmalich bedrach. Yn'e takomst sil besocht wurde in strukturele bydrage te jaan. It is spitich dat rûn it folkshúsfestingsferhaal in wat betiisde diskusje ünstiet. Se sjocht soms de ferbannen ek net mear. Der is it wenteferlet- ûndersyk nei ûnder oare kwaliteit, it soe keppele wurde moatte oan it lytse kearnenbelied en oan it undersyk nei it weromrinnen fan it tal ynwenners.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 6