- 3 -
3It taalbeliedsplan en de ynspraak.
It ûntwerp-taalbeliedsplan hat mei it foarriedich stânpunt fan
it kolleezje út 1986 ûnderwerp fan ynspraak west ein 1988.
Der binne twa gemeentlike harksittings hâlden, der binne gear-
komsten fan de ferienings fan pleatslik belang yn ferskate
doarpen oer halden en der binne ferskate brieven fan ynwenners
oer dit ûnderwerp ûntfongen. De reaksjes en ferslaggen lizze by
de riedsstikken om yn te sjen.
Fan de kant fan it personiel, ús eigen meiwurkers, is der hastr
gjin réaksje kommen. Der hearske (begryplik) in sfear fan
ôfwachtsjen wêr't it bestjoer (nei safolle jierren) ta beslute
soe.
De ynspraakrisseltaten litte nei ús betinken twa tinkrjochtingen
sjen:
1. It is goed dat de gemeente him ynspant foar it frysk en dy
taal ek as oerheid brûkt.
2. It is nuodlik as de gemeente in taal brûkt dy't troch in
part fan de ynwenners net ferstien of net lezen wurde kin.
Fansels binne der mear ekstreme reaksjes ynkommen (nei beide
kanten) en hawwe guon mear nuanse brocht yn harren miening.
De haadrjochtingen binne hjirmei lykwols oanjûn en ús tinkt dat
it foar de gemeente saak wêze soe om de beide linen oan elkoar
te ferbinen, de taal "mei ferdrach" brûke en omtinken jaan oan
dyjingen dy't it Frysk net machtich binne.
Yn it ramt fan de diskusje oer de Fryske doarpsnammen hat it
maatskiplik draachflak fan it riedsbeslut oan'e oarder west. Dat
draachflak wie en is net sa grut, dat is bekend. De ried hat om
oare redenen, fanút syn eigen ferantwurdlikens, dochs keazen
foar de fryske doarpsnammen. No't it ramt oan'e oarder is
wêrbinnen it plaknammenbeslút sjoen wurde moat, wolle wy dochs
nochris stil stean by en omtinken jaan oan dat maatskiplik
draachflak. Wy binne fan betinken dat oerheidshanneljen dêr net
sûnder kin en dat sûnder it elts nei't sin meitsje te kinnen in
gemeente, in ried, acht slaan moat op de miening fan de
befolking, mearderheid of minderheid.
It hat ús bliken dien dat it maatskiplik draachflak foar it
brûken fan it Frysk troch de gemeente beheind is. Sûnder dat
wittenskiplik ûnderbouwe te kinnen en mei krekte sifers of
persintaasjes oan te jaan komt it ús foar dat der nochal wat
wjerstân is tsjin it skriftlik brûken fan it Frysk troch de
gemeente
Foar in part komt de wjerstân fanút it feit, dat partij ynwen
ners it Frysk net leze kinne. Dêrnjonken is der in groep Friezen
dy't it Frysk net leze wol.
De earste groep, net leze kinne, is dúdlik. Dêr sil yn it
gemeentlik belied omtinken oan jûn wurde moatte. De twadde groep
leit foar ús wat dreger. Wy witte net goed hoe't wy dêrmei oan
moatte, wat de goede benaderingswize wêze soe.
0105V 50