- 6 -
Wy hechtsje oan ofstimming fan taalbelied binnen provinsje en
Fryske gemeenten en sjogge de provinsje yndied as de
earst-ferantwurdlike yn dit stik fan saken: de lûker fan it
belied Frysk yn Fryslân, de inisjatyfnimmer as it giet om
ferheegjen fan it draachflak, ferbetterjen fan it klimaat en
lykweardigens en lykberjochting fan de taal. Boppedat de
oanjager fan it tastânkommen fan in wetlike basis foar it Frysk.
It stipepunt Frysk moat net in gevel wurde dy't foar in leech
gebou stiet.
It hjiryn meiïnoar oparbeidzjen hie wol wat sterker nei foaren
komme kinnen.
De wichtige funksje foar de gemeente fan it stipepunt is net
alhiel dúdlik en sil yn oerlis noch neier útwurke wurde moatte.
Oant safier is kommentaar, dat wy oanslute litten ha op dat fan
de gemeente Tytsjerksteradiel
Wy binne hjir wat djipper op yngongen, net allinne om't wy
graach reagearje wolle op de ramtnota mar ek om't wy de
benaderingswize fan de provinsje gaadlik fine om te brûken by it
formulearjen fan ús eigen belied.
5. Oerwaainas ten oansien fan it qemeentlik belied.
Hoe hjir no mei om te gean?
Foar ús stiet fêst dat it Frysk as taal slim bedrige wurdt en
dat der maatregels nommen wurde moatte om de taal te behâlden.
Ien fan de maatregels is it ferheegjen fan de maatskiplike
status fan de taal. De oerheid kin der ta bydrage troch de taal
te brûken, mûnling sawol as skriftlik. Dêrnjonken moat omtinken
jûn wurde oan de kwaliteit fan de taal. De kwaliteit wurdt
bedrige troch Nederlânske en Ingelske ynfloeden. It skriftlik
brûken fan it Frysk (troch de oerheid en troch oaren) kin der ta
bydrage dat der mear omtinken komt foar de kwaliteit. It skrift
lik gebrûk fan de taal jout in beskate kwaliteitsnoarm foar it
mûnling ferkear en dêrmei in tsjinwicht tsjin negative ynfloeden
fan buten of.
Om dizze beide redenen wolle wy der op oan om it Frysk in mear
lykweardich plak te jaan yn de oerheidskommunikaasje, mear
lykweardich alteast oan it Nederlânsk. Yn safier soene wy it
konsept-taalbeliedsplan yn syn doelstelling dan ek folgje wolle.
Wêr't wy mei sitte is de akseptaasje fan in sadanich belied
troch de befolking. Wy sille der hoeden mei omgean moatte en
meie benammen net te hurd úteinsette. Yn safier kinne wy mei it
konsept-beliedsplan net út de fuotten. It konsept wol yndied
fiersten te hurd en jout mei fiersten te folie klam oan wat moat
en wat net moat. It plan is te folie skreaun fanút in sfear fan
regel jouwing (oanjaan hoe't it eins moatte soe) en te min fanút
in ûntwikkelingsbenadering (oanjaan hoe't wy ta it doel komme
kinne)
Wy binne dan ek feitlik fan betinken dat it ûnderwerp-taal-
beliedsplan bysteld wurde moat en foar in part op'e nij skreaun,
wêrby't omtinken jûn wurdt oan it paad werlâns it doel te berik-
ken is.
0105V 53