- 7 - Foar't wy dat konkreet stâl jouwe wolle wy de behanneling en it fêststellen fan de ramtnota troch de provinsje ôfwachtsje en ek it oerlis oer it meiïnoar oparbeidzjen yn Fryslân yn ús eigen gemeentlik taalbelied belûke. Krekt mei it each hjirop soene wy yn oerlis mei oare gemeenten yn Fryslân en mei de provinsje neigean wolle wat wy dwaan kinne oan it fergrutsjen fan it maatskiplik draachflak. Hoe krije wy de minsken safier dat hja ynsjogge dat it de muoite wurdich is om it Frysk te bewarjen en dat der wat foar dien wurde moat. Dizze benadering slút oan op de provinsjale ramtnota taalbelied en ek op de sjenswize sa't dy yn it kolleez je-wurkprogramma foar de riedsperioade 1990 - 1994 opnommen is. Der stiet: Dêrneist wolle wy der yn'e mande mei de oare gemeenten nei stribjen in better plak foar it Frysk te realisearjen Yntusken moat der wol in útspraak dien wurde oer it feitlik brûken fan it Frysk troch de gemeente. Yn neifolging fan it kolleezje-wurkprogramma stelle wy út om yn earsten in folgjend belied te fieren, dat wol sizze dat wy ús rjochtsje op de taal dy't de boarger yn de kommunikaasje mei de gemeente foar kar nimt. Yn it gefal it inisjatyf by de gemeente leit kinne beide talen brûkt wurde. Hjirûnder sille wy ien en oar neier útwurkje. 6. Taalfolcriend interim-belied. Yn ôfwachting fan in bredere diskusje oer it taalbelied yn Frysk ferbân wolle wy noch net oergean ta in befoarderjend of in styp- jend gemeentlik belied. Wy binne fan betinken dat it ferstannich is om pas op de pleats te meitsjen en in taalfolgjend interim-belied te fieren. It interimbelied - dat net fier ôfwykt fan wat wy no yn Boarnsterhim dogge - hâldt yn dat fierder wurke wurdt oan it fuortsterkjen fan de taalkundige ynfrastruktuer by de gemeente seis: kursussen foar amtners, oanmoedigjen fan it brûken fan it Frysk, frysktalige opskriften en formulieren ensafuorthinne, en hat fierder de folgjende praktyske konsekwinsjes a. Advertinsjes b. Opskriften c. Notulen wetlik foarskreaune: NI. net wetlik foarskreaune ôfhinklik fan de bestinfhiing: bûten Fryslân: NI. binnen Fryslân: Nl/Fr. NI. ried: NI./Fr. ofdieling: NI. beslutelisten: NI. oare: NI. 0105V 54 M

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 15