GEMEENTE BOARNSTERHIM
5. Utstel oer it brûken fan it Frysk
as bestjoerstaal troch de gemeente.
Oan de gemeenteried.
Grou, 9 maart 1991.
1. Ynliedinq.
Oer it brûken fan it Frysk as bestjoerstaal troch de gemeente
Boarnsterhim is noch hieltyd gjin dúdlik riedsbeslút nommen. In
oantal kearen hat it ûnderwerp oan'e oarder west, bygelyks by it
feroarjen fan de gemeentenamme en fan de nammen fan de doarpen
en nei oanlieding fan in fersyk fan it provinsjaal bestjoer om
ynfieringsgemeente Frysk te wurden. Der binne troch jimme ried
by dy gelegenheden wol útspraken dien dy't der op wize dat yn it
gemeentlik belied oan it Frysk omtinken jûn wurde moat. Lykwols
ta in dúdlike formulearring fan sa'n belied is it oant no ta net
kommen.
Dit útstel wol helderheid jaan oer ús sjenswize oangeande it
brûken fan it Frysk as bestjoerstaal troch de gemeente. Wy soene
graach sjen dat jimme ried him dêroer útsprekt en dêrmei foar de
rinnende riedsperioade de haadlinen fêstleit.
Dit utstel giet oer it Frysk as bestioerstaal en oer wat de
gemeente op dit mêd oan befoardering fan it Frysk dwaan kin.
Dit utstel giet net oer oare sektoaren dy't op it mêd fan it
Frysk yn de belangstellingssfear fan de gemeente lizze, bygelyks
it ûnderwiis en it kultuerbelied. Yn dy sektoaren is sprake (min
ofte mear) fan in akseptearre gemeentlik belied, dat rjochte is
op it behêld en it fuortsterkjen fan it Frysk. Fanút in positive
grûnhâlding foar it Frysk oer wurdt op dizze punten belied
fierd, dat fierders buten it bestek fan dit riedsútstel fait.
Dêrmei is net sein dat in stypjend gemeentlik belied yn it
ûnderwiis en op kultureel mêd foar it Frysk net fan betsjutting
wêze soe. Krekt oarsom: wy tinke dat krekt op dizze punten in
hiel soad oan taalbefoardering dien wurde kin. It is allinne net
de ynfalshoeke fan dit riedsútstel.
Foar't wy komme ta de formulearring fan in gemeentlik
taalbelied, wolle wy noch wat sizze oer it ramt dêr't dat belied
neffens ús yn pleatst wurde moat.
It giet net goed mei it Frysk. Wy geane net yn op de oarsaken.
Wol konstateare wy, mei soarch, dat it Frysk hieltiten minder
brûkt wurdt en dat de kwaliteit fan it Frysk taalgebrûk as
sadanich hurd efterút rint. Us soarch komt fuort út de kulturele
ferearming dy't hjirfan it gefolch is en fanwege it gefaar dat
de Fryske taal op'en doer driicht as selsstannige taal te
ferdwinen.
It Frysk wurdt slim bedrige as kultureel erfguod, as libben
kultuermonumint en as folweardich kommunikaasjemiddel yn Fryslan.
0105V