-9- Hij kan zich ook niet goed voorstellen dat men wordt afgeschrikt als er bijvoorbeeld een kwartje per uur wordt gevraagd. De tweede fase kan pas aan de orde komen als het ontwerp- bestemmingsplan in werking is gezet. Na de zomervakantie zal het ontwerp-bestemmingsplan aan de raad worden voorgelegd. Frou Santema betanket de foarsitter foar syn antwurd oangeande de 2e fase. Der binne sa goed as sy wit aparte bedragen foar de gruttere, foar de lytsere doarpen en dan noch de lytse kearnen. Se fynt dat der no, nei 25 jier, dochs wol in beslút nommen wurde moat. De hear Breeuwsma is wol fernuvere oer it stânpunt fan'e V.V.D., dy't it jild no net mear sa wichtich fynt. Dat hat wolris oars west, mar in rojaal gebaar kin noait gjin kwea. Hy fynt wol dat der yntins oerlis mei de oanbelangjenden oer de earste fase fierd wurde moat. Hy hat syn twifels der oan oft dat, sjoen alle brieven, wol bard De voorzitter vraagt welke brieven de heer Breeuwsma na de vorige raadsvergadering heeft gekregen. De hear Breeuwsma seit dat hy ts jutte op brieven dy't oan syn fraksje skreaun binne. As der praat wurdt oer normaal ûnderhâld soe de finansiering ek op dy basis wêze moatte. Syn fraksje is it net iens mei it finansieringsplaatsje sa't dat no is. De hiele doarpsfernijingspot soe net yn ien kear leech makke wurde moatte. As der no al jild foar 1992 útjûn wurdt giet him dat wol fierstente fier. As der net besocht wurdt de 90.000,op in oare wize te finansierjen sil syn fraksje tsjin it útstel wêze. De hear Bouma koe goed út'e fuotten mei de beantwurding troch de foarsitter. Hy moat konstatearje dat wat no it jildende bestimmingsplan is mear mei de wurklikheid oerienkomt as de wurksumheden fan'e le fase útfierd binne as dat it no it gefal is. Hy soe graach witte wolle hokfoar beswieren der op planologysk mêd wêze kinne. It soe, oangeande de finansiering, fansels prachtich wêze as we ek in bydrage út'e knelpuntenpot ferwachtsje kinne. Om op foarhên al te sizzen dat, sjoen de ûnderfining mei de blauwe zóne en mei de kontrôle der parkearmeters komme moatte giet him fierstente fier. Hy wol graach nei foaren bringe dat syn fraksje fynt dat der yn earste ynstênsje net nei it betelle parkearen sjoen wurde moat. Temear omt by betelle parkearen ek sanksjes nedich binne. Nei syn betinken soe it gefolgen hawwe foar de hiele kearn fan Grou as dizze stap nei it betelle parkearen setten wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 11