-13- Voorstel tot het verlenen van een bijdrage aan de Stichting Gezinsverzorging "Midden-Friesland" ten behoeve van de weekend en avondhulnverleninq voor personen van 65 iaar en ouder. Frou Veldstra seit dat har fraksje dit in hiel goed útstel fynt. Se winsket de stichting in protte sukses ta mei dit wichtige en needsaaklike wurk. Der soe mear oerlis wêze moatte mei de soarchynstellingsEk troch de tuskenbalâns moat der wer hiel wat besunige wurde wylst de needsaak ta soarch hiel grut is. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie het initiatief van de stichting toejuicht. Zij maakt het college er echter wel attent op dat hier de nullijn, die zou worden gehanteerd, wordt over schreden. Had dit bedrag niet uit de bestaande gelden vrijge maakt kunnen worden. De hear Renia seit dat syn fraksje hielendal gjin muoite hat mei it útstel. Alles oangeande de soarch foar âlderen wurdt foar him sa stadichoan in ûntrochsichtige lapetekken. Hij tinkt dan ek dat it heech tiid is foar de nota Aldereinbelied. Syn fraksje hat grutte noed dat saken byelkoar lâns begjinne te rinnen, dat der oerlapings komme, dat der jild weirekket en der is al sa'n bytsje! It âldereinbelied soe in part wêze kinne fan'e Koepelstichting, dy't op sosjaal mêd in soad goed dwaan kin yn ús gemeente. Ek dy koepelstichting komt net fan'e grûn want der is gjin ûnderdak. Hy freget it kolleezje dêr wat oan te dwaan. Frou Santema seit dat har fraksje it iens is mei it útstel. Eins soe dit út'e begrutting betelle wurde moatte. It komt no út'e post ûnfoarsjoen en dat is fierders wol akkoart. Se is it mei de hear Renia iens dat der mear koördinearre wurde moat yn1 e âlderensoarch. Benammen foar de frijwilligers soe dat hiel wichtich wêze. Wethalder Bloem tinkt dat de ienmalige subsydzje sjoen wurde moat as útdrukking fan wurdearring. De gesinsfersoarging hat foar in part fan'e finansiering sjoen nei de eigen middelen. It soe noch better wêze as dizze oanfraach ôfwage wurde koe fanút in goed formulearre âldereinbelied. Dat dy nota der noch net is, dat hat ek te krijen mei de personiele sitewaasje op'e ôfdieling. It kolleezje hat besluten it meitsjen fan'e nota út te besteegjen. Yn'e tarieding ta dy nota sil ek goed oerlis plakfine mei de eksterne ynstellings. Yn'e twadde (en tredde) ófdieling kin ynkoarten praat wurde oer de húsfesting fan'e koepelstichting. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 15