-2- Frou Veldstra freget it kolleezje wat hy tinkt te dwaan mei it grut ûnderhâldsplan. Kin dit plan hielendal útfierd wurde. Se freget wannear't it kolleezje mei in útstel komt en oft der ek tocht wurdt oan in oare behearsfoarm op koarte termyn. Wethâlder Nieuwdam nimt kennis fan de makke opmerkingen. Hy seit dat der nei stribbe wurdt sa gau mooglik besluten te nimmen ek oangeande de behearsfoarm. Vervolgens worden de ingekomen stukken voor zover niet anders aangegeven, voor kennisgeving aangenomen. 4Mededelingen. Punt 2 i De hear Oosterhof hat der muoite mei dat de iene tennisferiening de kosten seis betelje moat en dat yn it oare gefal de gemeente de kosten betellet. Wethalder Nieuwdam seit dat der hjir sprake is fan twa sitewaasjes. As de rie dizze ôfhanneling net korrekt fynt dan heart hy dat graach. Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. 5. Utstel oer it brûken fan it Frysk as bestioerstaal troch de gemeente Frou Sant erna seit dat de gemeente as it it brûken fan it Frysk as bestjoerstaal oanbelanget wol boppe it meanfjild útkomme wol. Dit yn tsjinstelling ta it ûnderwiis en it kultuerbelied. Dêr is sprake fan in akseptearre gemeentlik belied dat rjochte is op it behâld en it fuotsterkjen fan it Frysk. It Frysk wurdt slim bedrige as kultuerguod en as libben kultuermonumint. It maatskiplik draachflak foar it brûken fan it Frysk troch de gemeente is beheind. Foar in part komt dy wjerstân troch dat party minsken it Frysk net léze wol, njonken in oare groep dy't it Frysk net leze kin. Der is ek in groep dy't it wol goed fynt. Dizze groep taast it maatskiplik draachflak fan it Frysk ek oan. Har fraksje kin wol ynstimme mei it utstel. Se freget oft it klopt dat ús gemeente al ynfieringsgemeente is. De hear Van der Baan is tige tryst wurden fan it útstel. Op'e nij waard dúdlik dat der wer gjin aai lein wurde sil oangeande it belied foar it Frysk. As de persintaazjes lezen wurde oangeande de teloargong fan it Frysk sil de gemeente in stânpunt ynnimme moatte. Spitigernôch jout it kolleezje gjin antwurd. De F.N.P. fynt dat soks net kin en ek net mei. Der sil hjoed in dúdlik ja as nee klinke moatte, mei minder kin it net ta. De F.N.P. stiet oan op in posityf antwurd, omt de taal fan ús folk wol oerein bliuwe moat. 0108V 19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 21