-4- Under A: der is eins, ôfgeande op it stelde op side 2 fan it útstel fan 9 augustus 1985, al in beslút nommen ta it wurden fan ynfieringsgemeente. B: de F.N.P. fynt dat der in taalaktivearjend belied folge wurde moat. C: it kommentaar oan'e provinsje giet de F.N.P. akkoart mei. D: de F.N.P. freget him of hoe't dat kin as de gemeente seis gjin fisy hat. It taalbeliedsplan moat op'e nij besjoen wurde. Dêrta soe in riedskommisje fan 5 persoanen gearstald wurde moatte dy't it paad oanjout wêrlâns it doel berikt wurde kin. De kommisje sil rekken halde moatte mei de útkomsten fan it oerlis mei de provinsje en oare gemeenten. E: hjir leit de F.N.P. in link mei. D: we sille earst witte moatte wat we seis wolle, foardat ús gemeente in ynbring hawwe kin yn it oerlis mei provinsje en oare gemeenten. Hy fynt dat de saak fan it maatskiplik draachflak de diskusje as sadanich ûnsuver makket. Draachflakferbreding ûntstiet pas as de gemeente seis mei in dúdlik belied komt. Hy bringt derby it skieden opheljen fan'e smoargens te binnen. Yn earste ynstânsje wie it entûsjasme net sa grut. Mar troch foarljochting ûntstiet der in draachflak en akseptaasje. Allinne by it Frysk wurdt altiten frege nei it draachflak. Der is by it museumbelied as by de berne-opfang earst ek gjin undersyk nei it draachflak dien. Hy fynt it denigrearjend dat no krekt wer it Frysk op in apart plak setten wurdt. Hjir wurdt de ûnlykweardigens fan it Frysk wer nei buten brocht. Der moat rjocht ûntstean foar it Frysk! De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje yn grutte halen akkoart giet mie it útstel. As it frysk stimulearre wurde moat en dat fynt ek syn fraksje, dan moat it Frysk net oplein wurde. It moat in frije kar fan'e minsken bliuwe. Yn ús gemeente is der fanôf 1984 in protte tiid en jild bestege oan it Frysk en we binne eins noch gjin stap foarút kaam. Hy fynt dat it tiid is wer mei de fuotten op'e grûn te kommen. It is spitich dat wy no noch de iennichste gemeente yn Fryslân binne mei allinne mar Fryske plaknammen. It útstel ademt wol de geast as soe de provinsje te min dien hawwe en hy fynt dat de gemeente him dat seis ek wol ferwite mei. De hear Renia seit dat hy, ferline jier op in forum fan de rie fan'e Fryske Beweging de gong fan saken oangeande it Frysk as bestjoerstaal yn ús gemeente op in rychje setten hat. Yn haadlinen kaam it der op del dat it kolleezje fan miening wie (fêstlein yn in riedsbeslút fan augustus 1985) dat dizze gemeente gjin ynfieringsgemeente hoechde te wurden omt we dat al wiene. It Frysk, sa sei men doe, wie al lang ynfierd yn it bestjoerlik ferkear. We koene heechstens noch útwreidings- gemeente wurde. En doe gong der wat mis. De plaknammen Boarn- sterhim en Tytsjerksteradiel as Castor en Pollux op jacht nei it gulden Frysk. Se rekken derby safier foar it musyk út dat se de nedige klappen fernearje moasten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 23