-10- Eén daarvan is het fietspad. Andere varianten zijn geen vrachtverkeer, of alleen bestemmingsverkeer. De maatschappelijke en financiële uitwerking van die verkeersafwikkeling is nu niet aan de orde. De varianten zullen wel naast elkaar worden gelegd en daar zal heel serieus mee omgegaan worden. Er zal zeker een goede inspraak mogelijk zijn. Het gaat er nu om aan Rijkswaterstaat te kunnen meedelen waar in het ontwerp ruimte gereserveerd moet worden voor een extra buis. De hear Bethlehem seit dat hy tevreden is mei it antwurd. De hear Oosterhof seit dat as der no foar de eastlike buis keazen wurdt in protte oare mooglikheden útsluten wurde. De rie stiet no eins wol mei de rêch tsjin de muorre. Stel dat de ynspraakgroep út Akkrum-East grutter is dan dy út it achterlân dan soe it achterlân it wolris ferlieze kinne. Hy seit dat syn fraksje der net foar kiest de dyk foar it autoferkear of te sluten. Hy freget hoe grut de buis wurde sil. De hear Breeuwsma seit dat hy der it measte foar fiele soe as it útstel weromnommen wurdt. In goede moanne lyn wie der it útstel om de westlike buis te nimmen. Der is de hiele ynspraak op basearre. No wurdt der op sa'n koarte termyn in fundamentele feroaring oanbrocht yn it ferhaal dêr't ek de ynspraak op west hat. Syn fraksje mient dat it earste plan hanthavene wurde moat. Dat der no praten wurdt oer it of sluten fan sa'n wichtich achterlân dat irritearret him. Ek foar Akkrum-East hâldt dit hiele grutte feroarings yn. It útstel moat dêrom weromnommen wurde en der moat in bettere tarieding komme. Der mei dan net mear praat wurde fan in fyntspaad sûnder dat der in hiele goede ynspraak west hat. De hear Van der Baan is it der mei iens dat dit útstel oanhâlden wurdt. Hy tinkt dat dit útstel net goed op syn konsekwinsjes ôfwoegen is. De hear SBouma seit dat syn fraksje akkoart giet mei de eastlike oansluting. Der wurdt wol dúdlik de betingst by steld dat de minsken fan Birstum dêr mei auto's en lânbouwurktugen komme kinne. Wethouder Aukes denkt dat het aanhouden van het voorstel niet aan Rijkswaterstaat verkocht kan worden. Als er nu niet besloten wordt is de kans er dat Rijkswaterstaat niet meer wil meewerken aan de wens tot een oostelijke of westelijke buis. In verband met de planontwikkeling is er haast geboden. De uitwerking zal nauwkeurig en serieus ter hand worden genomen. Die toezegging doet zij uitdrukkelijk. Alle belangen zullen worden gewogen. Er kan altijd nog geconcludeerd worden dat de bestaande situatie moet blijven.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 29