-13- Wethouder Aukes is ook verbaasd over de reactie van de heer Van der Baan. Zij heeft wat er eerder is gezegd niet opgevat als kritiek. Zij is alleen ingegaan op de woorden van de heer Van der Baan dat het plan minder gedragen werd als gedacht en die ook weerlegd. Zij heeft alleen een meer positieve benadering voorgestaan. De heer Van der Baan heeft gezegd dat de wethouder Plaatselijk Belang en de ijsclub bijelkaar zou moeten roepen. Zij heeft in eerste termijn uitgelegd dat dat niet op haar weg ligt maar dat de verenigingen dat zelf zouden moeten doen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De voorzitter schorst om 22.15 uur de vergadering voor een korte pauze. Hij heropent de vergadering om 22.25 uur. De heer Dotinga is dan niet meer aanwezig. Voorstel tot het afwijzen van een verzoek van de familie Walstra tot bestemmingswijziging van de oercelen Kleasterwei 6 en 8 te Nes ten behoeve van een zevental woonhuizen. De hear Breeuwsma seit dat wat de hear Walstra freget wol net de gewoane gong fan saken is mar dat hoecht net te betsjutten dat it dan ek net kinne moatte soe. Hy hat net leze kind dat it pand dêr't it om giet bildbepalend wêze soe. Der sil dus wol in sloopfergunning ôfjûn wurde kinne. Omt der no twa wenienheden binne kinne der dan ek wol twa weromkomme. Nes is in apart lyts doarp los fan Akkrum-East. De gemeente hat ek wolris besocht om der wenten te bouwen op'e oare kant fan'e feart. Dat is oant no ta noch net slagge en hy twifelt deroan as dat wol ea slagje sil. No is der in partikulier ynisjatyf om in pear wenten mear te bouwen. Dat koe wolris in hiel aardige oplossing wêze foar dat gebiet. Der moat fansels wol goed op tasjoen wurde hoe't it krekt ynfold sil. Hy is it dan ek net iens mei de hurde beneiering fan'e direkteur fan gemeentewurken dy't fynt dat partikuliere ynisjativen net honorearre wurde moatte. Syn fraksje wol it plan nochris besjen en besykje der wat fan'e grün te krijen. De hear Van der Baan fynt it krekt fan belang dat it lânskip op dat plak in iepen karakter haldt. It giet om it histoaryske plak fan it eardere kleaster fan Nes dêr't men in prachtich sicht hat op'e klokkestoel en it terpke dêr't earder de kleastertsjerke fan Nes stie. Syn fraksje is fan betinken dat de bou fan wenhuzen op it perseel oan'e Kleasterwei net moat. Der is ek gjin reden om it wol te dwaan omt der yn Akkrum seis mooglikheden genôch binne. De hear SBouma seit dat syn fraksje fynt dat de ôfwaging fan it kolleezje te bot inte is op Akkrum. It soe wat rommer besjoen wurde moatte. It tal ynwenners yn Nes rint werom en as der no wat wenten byboud wurde dan kin dy beweging stopje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 32