-17- Ek as dy trochstream dreech blykt te wezen kin net sein wurde dat de opset net slagge is. De opset is om minsken dy't gjin mooglikheden hawwe yn'e reguliere sektor de gelegenheid te jaan wurkûnderfining op te dwaan. Itjinge sein is oer de relaas je mei de wurkfoars jenning dielt sy. It giet yndied om oerlapingen op guon ûnderdielen as it soart wurk. Mar W.S.W.'ers hawwe in oare achtergrûn as banenpoolers. Alle 3 gemeentlike leden fan it bestjoer fan Perspectief binne ek lid fan it bestjoer fan'e W.S.W. Dat liket har al in goede oanset om ta koördinaasje te kommen. Ek it kolleezje fynt it teloarstellend dat der sawol finansjeel as kwa begelieding gjin romte is foar banenpoolers. Der sil nochris op'e nij nei sjoen wurde. Ek dan jildt dat it wol goede plakken wêze moatte dêr't de minsken harren gerak krije kinne. Yn'e Sfdieling sil dêr op weromkommen wurde. Eksperimenten yn oare gemeenten binne der hast net. Fan'e E.S.F.-subsydzje is har neat bekind. Se beslút mei út te sprekken dat sy hopet dat de banenpool in grut sukses wurde sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 16. Voorstel inzake het beschikbaar stellen van een bijdragetfin behoeve van de realisering van speeloeleaenheid in Raerd. Frou Veldstra seit dat har fraksje bliid is, dat nei de oantrún fan har yn jannewaris, dit útstel der no is. In kompliment oan alle frijwilligers is hjir op syn plak. De hear Renia is ek bliid dat dit útstel der no is. Sûnder in soad drokte is der stiekem trochwurke op it gemeentehûs en yn Raerd en no is it dan safier. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 17. Voorstel tot hetsubsidiëren van het W.A.O.-spreekuurjn de gemeente Boarnsterhim. De hear Vedstra fynt it W.A.O.-sprekoere in tige goede saak. Mar is is wol in terrein dêr't de gemeente no net direkt mei fan dwaan hat, dêrfoar binne oare ynstânsjes. En dêr sit him no krekt de kneep. Dy oare ynstênsjes hawwe óf in te hege drompel óf tefolle eigenbelang óf men kin de yngewikkelde regeljouwing net oan'e trochsneed boarger útlizze. Dêrom wol syn fraksje dizze man dan ek stypje en mei it útstel meigean. Wêrom dan net direkt mei 6.000,oer de brêge te kommen? Hy tinkt dat dit net kin omt de diskusje oer de weroriëntaasje de romte dêrta net jout. Fierder is hy fan miening dat de diskusje oer de W.A.O. noch net genôch útkristalisearre is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 36