-4- Mevrouw Van den Berg vindt het antwoord van wethouder Nieuwdam onbevredigend Zij denkt dat er toch wel zeker enig inzicht is in welke vragen van andere afdelingen te verwachten zijn. Moet er vanuit gegaan worden dat de pot van 177.000,daarvoor opgesnoept wordt. Als dat niet het geval is en er moet gezocht worden naar een dekking dan vindt zij het wel behoorlijk zuur dat de vermeende ruimte van 1990 al op is. Frou Veldstra fynt ek dat it oerskot fan 1990 hjir wol moai foar brûkt wurde kind hie. Se fynt it ek tige spitich dat de ôfdieling F.S.O.M. net meidocht. De hear Renia seit dat der al jierren besocht is om begrutting en rekken op'e tiid klear te krijen. Dat is dan no foar elkoar de leste twa jier. It útstel op himsels hat dan ek de stipe fan syn fraksje. Der hat neffens him in goede ôfwaging west, nei alle fragen út'e mienskip om de romte fan 1990 te brûken foar saken as bygelyks it aldereinwurk. Hy fynt it eins frjemd dat as F.R.O.M. seit dat hy net meidocht oan it V.M.A.-ûndersyk dat dan ek sa bart. Wethalder Nieuwdam seit dat net steld wurde kin dat F.R.O.M. net meidwaan wol. Allinne it potensjeel oan minsken op F.R.O.M. en de ôfwaging kwa tiidsbesteging hat foar dy ôfdieling reden west om net mei te dwaan. Hy fynt dat seis ek tige spitich mar it kin slim oars. De kar is de eigen ferantwurdlikheid fan de ôfdieling F.R.O.M. Nei in demokratyske beslútfoarming is der jild út'e ienmalige romte beskikber steld en dêr kin no net op weromkommen wurde. Hy seit dat der op tasjoen wurde sil dat eventuele oanfragen fan oare ôfdielings kritysk hifke wurde sille. Hy hat lykwols de ferwachting dat it mei de oanfragen wol wat tafalle sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 7Voorsteltot het nemen van een voorbereidinqsbesluit op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening te Akkrum. De hear Bethlehem freget hoe't it stiet mei de ûnderhannelingen mei De Schiffart. Hy fynt it wol fan belang dat dit bedriuw yn ús gemeente bliuwt. De hear Breeuwsma freget him of wat de gemeente der mei foar hat om dit bedriuw fuort te bestimmen. Dat betsjut ek dat de gemeente foar de kosten opdraait. Fuortbestimme kin altiten noch wol as it bedriuw dêr wei is en de nije dyk der leit. Hy fynt it better dat earst de ûntwikkelingen ôfwachte wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 6