-7- Hy fynt dat der tefolle jild stutsen wurdt yn de werynrjochting. Der is sprake fan normaal ûnderhâld dêr't in part uthelle wurde kin. Der moatte rioalen ferfongen wurde. Dat part soe dêrút betelle wurde moatte. Foar de rest kin der in berop dien wurde op'e knelpuntenpot. No sille oare doarpen de earste jierren net oan bar komme omt alle jild út'e doarpsfernijing nei It Grien giet. De hear Bouma seit dat yn jannewaris in prinsipebeslut oangeande in model nommen is. Syn fraksje wie en is fan miening dat neidat dat beslút fallen is mei alle partisipanten praten wurde moast om yn goed oerlis te soargjen foar oerienstimming. Hy mient begrepen te hawwen dat it oerlis net yn dy sin plakfûn hat. Foar safier it de romte oanbelanget dy't de rie oan it kolleezje jûn hat oangeande de ynfolling fan it model is yn it oerlis dy romte te beheind ynterpretearre yn'e ûnderbanneling en mei de oanbelangjenden. Hy soe dêrom graach in ferslach hawwe wolle fan it oerlis. De foarige kear hat syn fraksje oangeande de finansjele opset A sein en sil dan ek no B sizze. By de útfiering fan'e le fase komt ek de planfoarming foar de parkearfoarsjenning oan'e oarder. Foarige moanne hat hy al sein dat it gratis parkeren bliuwe moatte soe. Yntusken hat hy heard dat de plysje him wol ynsette wol om dat te kontrolearjen. Om no op foarhân al te sizzen dat der parkearmeters komme moatte liket him net de goede wei. Hy giet der foar yn'e pleit alle alterna- tiven earst út te probearjen en as it echt net helber is kin ta ein beslút altiten noch besletten wurde ta it pleatsen fan parkearmeters De hear Van der Baan sit wat mei it útstel yn'e mage. It leit deroan op hokfoar wize it útstel nei de rie takomt. Hy fynt it hiel opfallend dat it útstel gjin foarbehanneling hân hat. Dêrtroch komme der allegear fragen op it aljemint dy't no mooglik net beantwurde kinne. Der binne ferskate beswieren dy't hy noch mar ris werhellet. De saak is planologysk en juridysk net rûn. Hy freget him óf oft der dan goed oan dien wurdt ta de útfiering oer te gean. Ek de finansiering jout gjin moai plaatsje en wol in soad konse- kwinsjes. Yn de ferdieling fan 1991 fan'e jilden fan'e stêds- en doarps ferni jing stiet 160.000,reservearre foar it Halbertsmaplein. Wêr komt dan de oare 100.000,wei. Dan bliuwt der noch 90.000,oer, dy't út it budzjet fan 1992 helle wurdt sûnder dat der wat ôfwûgen is tsjin oare plannen oer. Dat fynt hy net terjochte. De planfoarming oangeande de parkear- foarsjenning is ek noch net run. Alles oersjende freget hy him of oft alles wol goed trochtocht is. De voorzitter zegt dat er in feite al vanaf 1966 gesproken wordt over het Halbertsmaplein. Dat ontdekte hij bij de bestudering van een andere kwestie. Het is dus al 25 jaar geleden dat gezegd werd dat er toch maar eens nagedacht moest worden over het centrum van Grou.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 9