GEMEENTE BOARNSTERHIM 18. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar túnoanlis by de J.H. Nieuwoldskoalle te Wergea. Oan de gemeenteried. Grou, 8 maaie 1991. Lyk as bekind is de J.H. Nieuwoldskoalle te Wergea yn 1989 útwreide mei romten foar 2 groepen. Yn oansluting dêrop is ek it skoalleplein útwreide en op'e nij ynrjochte. Yn ferbân dêrmei is ek in nije túnoanlis by de skoalle ûnder eagen sjoen. In belangrike winsk fan de kant fan de skoalle datoangeande is it kreëarjen fan lijte foar de bern op it skoalleplein. Dêrnjonken spilet ek it ferbetterjen fan de drainaazje in rol. Omdat it boukredyt gjin romte mear jout om de kosten fan ien en oar op te fangen, binne wy fan betinken, dat de needsaaklike túnoanlis en bykommende wurken betelle wurde moatte út de post "reservearing iepenbier ûnderwiis", dy't dêrfoar noch romte jout. Wy stelle jimme út om it nedige kredyt fan 1.800,út dy post beskikber te stellen. It ûntwerp-riedsbeslút leit foar jimme by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0109V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 42