-10- Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De fractie van de F.N.P. wil geacht worden tegen de machtiging te hebben gestemd. Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbesluit voor da percelen Kleasterwei 6 en 8 te Nes. De hear Breeuwsma seit in pear opmerkings te hawwen. Ten earste dat wy der wiis mei binne - sjoen ek dat der earst eins in negatyf útstel lei - dat de ried troch te praten ta dit útstel kommen is. Dat betsjut dat it in goede saak is dat de ried wolris efkes "toetst". Wy sjogge no dat dit útstel fan alle kanten de goedkarring weidrage kin en bydrage kin ta in goede ynfolling fan it gebiet fan Nes. De hear SBouma seit dat de V.V.D.-fraksje har der hielendal in fine kin. Hy tinkt/ sjoen nei it útstel in juny, dat der echt hurd wurke is en dat alle dingen dy't derby om'e hoeke - komme te sjen, toch wol wogen binne. Hy tinkt dat it plan, dat no realisearre wurde sil troch de ynisjatyfninoner, in goed plan is. It oantal wenningen is wat wêrom brocht, dat hat miskien in goede saak west. Hy tinkt dat dat demokratisearring ten top is, dat der hjir samar in beslút nommen wurdt. Wy kinne ús hjir prima yn fine. De hear Van der Baan seit, jirnne wolle planologyske meiwurking jaan oan de bou fan bungalows op Nes, dat binnen it bestimmingsplan net mooglik is. Yn earste ynstânsje hawwe wy as F.N.P. sein, we gean hjiryn mei, mar dat wie út in ferkearde gedachte redeneert, omdat hy troch fersin mienden dat der al in prinsipe-beslút nommen wie ta de 4 bungalows. Wy hawwe de hiele saak nochris op in rychje set en wannear't wy buro Bügel folgje, dy't him sa posityf útlit oer de bou fan dy 4 wenten, dan moatte wy sizze dat dy argumentaasje nochal tige swak en faag is. Wy kinne ús der net yn fine. It jout ús de yndruk dat it advys fan Bügel folslein taskreaun is nei de winske sitewaas je sa't dy no foar ús leit. Opfallend is dat buro Bügel gjin iakeld beswierlik punt neamt wannear't it praat oer de ynfolling fan dit gehiel. Der binne allinne mar foardielige punten. Soks liket him net al te objektyf. Wannear't jo in buro binne dat himsels achtet, dan soargje jo der dochs foar dat je alle foar- en tsjinpunten yn sa'n stik nei foaren bringen. Ik moat sizze dat is net bard, dat fyn ik op syn minst opfallend. Jimme stelle dat in bougrûneksploitaasje-oerienkomst noch makke wurde moat. No freegje ik my óf hoe sjocht dy der dan út. Dat moat dochs earst klear wêze, eart de ried in folslein oardiel jaan kin oer it totaal fan dit plan. Ik fyn dat wannear't jimme al mei dit útstel kommen wienen, dan hie dat diel útmeitsje moatten fan'e beslútfoarming ek yn'e ried seis. It tariedingsbeslút is fierders yn striid mei de Struktuerfisy Akkrum-Oast, en troch- dit beslút no te nimmen bepaalt aans in partikulier de koers foar de kommende tiid yn dat nije plan. De machtiging om de fersiken om frijstelling yn hannen fan it kolleezje te jaan hawwe wy ús al earder oer útsprutsen. 0109V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 12