-14- Wannear't wy it stik leze, giet it om 'e ferbettering faxx'e eksploitaasje fan'e jachthaven. Dat is sa sear net in kwestje fan romtlike oardering direkt, mar dat it wat ûndergeskikt makke is oan 'e eksploitaas je, dit útstel. Wat my lykwols dochs in bytsje ûngerêst makket, is dat jimme oan de iene kant sizze wy wolle net in fierdere útgroei, mar as ik de sin dan lest dy't derby neamd wurdt, dan stelt it kolleezje: "Een verdere uitgroei van het bedrijf zal dus niet zonder meer mogelijk zijn". En dat is dan neffens my, dochs wol dat je de doar op in kier litte. As jimme yndied fan doel binne om fierdere útwreiding tsjin te gean, dan soe ik utstelle wolle om dy sin sa te wizigjen: "Een verdere uitgroei van het bedrijf zal dus niet mogelijk zijn". As jimme dêrmei akkoart geane, dan kinne wy ús wol yn dit útstel fine. Mar yn it oare gefal litte jimme neffens ús de doar te fier iepen. De hear G. Bouma seit, mei it each op de argument aas je sa't it kolleezje dy seis oanfiert, nammentlik it ferbreedzjen fan'e besteanskrêft fan'e jachthaven, kinne wy ús goed fine yn de opset. Te mear ek fanwege dy ien nei leste alinea, dêr't it kolleezje dúdlik yn stelt wat de yntinsjes binne. Dat je de saak dêrmei net fiksearje moatte neffens de sitewaasje dy't je nei dit jier, nei dizze proseduere kreëarje is in goede saak. Sa hélde je de romte om by in eventuele oanfraach dy saak op'en nij te weagjen. De yntinsje dy is klear, en ik tink dat dat hiel soarchfuldich is. Wethouder Aukes zegt, dat er naar aanleiding van deze aanvragen ook uitgebreid gesproken is met het stichtingsbestuur van de jachthaven Warten. Met name om ons ook inzicht te geven; ze doen dat ook geregeld via hun jaarverslagen. Maar om nog eens mondeling op een rijtje te zetten van wat zijn hun toekomstige ideeën. Eén van die punten was ook het verlenen zoals dat ook door ons geïnterpreteerd, van een stukje service op het jachthaventerrein, waardoor ook het liggen in de jachthaven aantrekkelijker wordt, een soort versterking van het hele gebeuren daar* Om die reden hebben wij ook toen hieraan mede werking willen verlenen, en hebben er ook voorwaarden aan verbonden. Voorwaarden in die zin dat geen uitbreiding op grote schaal zal plaatsvinden. Maar aanleiding van de één na laatste alinea; het is maar net waar je de klemtoon legt. Wij hebben aan willen geven dat wij het natuurlijk in het oog houden, daar zijn ook afspraken over gemaakt. We zijn niet bang dat er ontwikkelingen zullen plaatsvinden die wij later niet meer in de hand hebben. De hear Van der h»»" seit; ik ha it ferhaal fan'e aksinten net alhiel begrepen. Der wurdt wol dúdlik sein, it is net sûnder mear mooglik. Dat ymplisearret dan hiel dudlik dat jo nije útwreiding net útslute. Wy litte hjir de doar iepen, en dat wol hy no graach fan'e wethêlder hearre, is dat no wol of net mooglik. 0109V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 16