-17- En dan mei de mienskip ek nochris de grûn skjinmeitsje. Dêr komt it dan op del. En no neam ik in oar foarbyld. Dat fan in lytse garaazjehâlder, dy't syn hiele libben in garaazje hân hat en in jier of wat lyn de pompen oernaam hat fan'e Esso. No't de garaazjehâlder op in leeftiid is dat der ophalde wol, syn saakje ferkeapje wol, no blykt de wearde fan syn pân like heech as de sanearring fan de grûn him kostet. Dy man hat syn hiele libben dus foar neat wurke. As je dat hjir dan neist sette, dan raast it oan'e protters dat soks sa kin. Ik wit best dat wy as gemeente, as kolleezje foar it blok sitte. It strookt net mei myn gefoel fan rjochtfeardichheid wat hjir bart. Ik tink dat der yn'e nabije takomst yn'e gemeente noch mear fan dit soarte saken binne. It is raar dat je troch mar genôch oerlêst te besoargjen frij binne fan alle ferplichtings dy't je eigentlik hawwe. De hear Breeuwsma seit it mei de hear Benia iens te wezen. Hy tinkt dat der noch hiel wat oan komt yn dizze gemeente fan dit soarte saken. It ferfelende fan dit gefal is, en dat meitsje wy alle kearen wer mei, dat it sa is dat it ûndersyk earst útwiist fan frij lytse bedragen en as je oan it wurk ta binne skrikke je fan'e bedragen. Dat hawwe wy ek yn Jirnsum meimakke. It hat foar Wergea destiids in gelok west dat it bedriuw dêrwei gongen is. Der is doe in protte subsydzje foar krigen. It bedriuw is der wei, it hûs moat ferkocht wurde en de grûn moat saneard wurde. Mar it is wol lêstich dat eigentlik alle kearen wannear't der earst in opset makke is fan in grûnferskjinning dan wurdt der oer in lyts bedrach praten en as je oan it ferskjinjen ta binne wurdt it in enoarm bedrach en rint it yn'e tonnen op. It kin miskien in sinjaal wêae en sis: "Begrutsje dy saken dan mar behoarlik heech en bes joch it mar ris rojaler", oars kom je hyltiden foar dit soarte ferrassings. Mar fierders, ja, dit moat barre. De hear S. Bouma seit, it sil dúdlik wêse dat der miskien mear fan dit soarte gefallen oankomme. We rinne oan tsjin it feit dat wy hjir de saak skjinmeits je moatte en dat kostet yndied mear jild dan wy tocht hienen. En dan kin je wol sizse dat it slim te rûzen is wat it no krekt kostet, mar as je yn'e ferkeapakte opnimme dat dy man net oanspraaklik steld wurde kin foar syn fersmoarging dan tink ik dat de flater by je seis leit. De V.V.D.-fraksje freget him óf hoe't soks kin. Ik tocht dat ek yn 1984 de slogan: "De vervuiler betaalt" wol op jild die. It hat ek noch oare effekten. It pan moat noch altiten ferkocht wurde, alteast de akte moat noch passearre wurde. Ho moatte wy 47.000,út'e algemiene reserve helje. As wy it pân sûnt dy tiid op rinte setten hienen, hie dat net hoegd. Dat binne allegearre neidielige gefolgen dêr't je ek noch tsjin oanrinne. Wy freegje ús of hoe't dat kin, dat dy man net oanspraaklik steld wurde kin foar sa'n fersmoarging. Mar wy sitte oan'e oare kant ek mei it gegeven dat it oars opknapt wurde moat. Wy kinne it útstel wol stypje mar wy fine. it wol in beskamsumme saak. 0109V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 19