-18- De hear Van der Baan seit dat hy net folie ta te heakjen hat. Hy freget him of hoe't transportbedriuw him sa maklik foar de kosten weiwine kin, sjoen de fierdere ofspraken dy't makke binne. It is nijsgjirrich hoe't dy ofspraken makke binne. Ik tink dat as je dy soarchfaldiger makken hienen, der mooglik wat mear foar de gemeente ynsitten hie. Op dit stuit wolle wy ek wolris witte hoe't 't no eigentlik komt. Hoe kinne wy dit allegear ynkaderje yn gearhingjende beliedsútstellen. Want wy sitte hyltiden mar mei jild te smyten, mar wy witte hielendal net wêr wy ús prioriteiten lizze. Wy soenen dochs wol graach fan it kolleezje hearre wolle, wêr lizze jimme de prioriteiten. It is him net dúdlik wat de rol fan'e provinsje is. Yn hoefier de provinsje yn dit gehiel fan'e fersmoarging dan ek bygelyks bydrage sil. Mar wy bliuwe der by dat dit útstel mar efkes wachtsje moat. Wethâlder Nieuwdam seit dat der wer in hiel stik skiednis op tafel kommen is, fan hoe't de saken him ûntwikkele hawwe fan 1984 of oant no ta. Yn' t ferliene hat der dúdlik in sitewaas je west dat it transport bedriuw Van der Wal ûnevenredich lest feroarsake yn Wergea. Der binne yn it ferline, petearen west foar de hiele omjouwing fan Wergea om der nei ta te gean dat Van der Wal ferpleatst wurde koe. Der hawwe doe yn dat ramt ünderhannelingen west. Ik ha net by dy ünderhannelingen west, mar der binne in oantal saken êfregele dy't dus dizze útkomst hawwe. We kinne meiïnoar betreure dat it op sa'n wize gongen is. Mar ik tink dat wy de saak gewoan net werom draaie kinne. Der binne doe mei Van der Wal ôfspraken makke oangeande kosten fan fersmoarging en de kosten fan ferpleatsing fan it bedriuw nei it yndustryterrein oan'e Wartensterdyk. Der spylje yn Wergea hiel dudlik belangen oangeande it leefmiljeu fan Wergea seis. Op't moment dat je derfoar kiese kin je oangeande it bedriuw karren meitsje. Je kinne sizze wy besykje meiïnoar in oplossing te finen om it bedriuw werklik te ferpleatsen. In oare mooglikheid hie eigentlik allinne mar west dat wy oangeande de bedriuwsfiering op dat stuit beheinende betingsten opset hienen nei Van der Wal ta om syn bedriuw fierder út te fieren. Dat is dus in kar dy't je meitsje kinne, doe is dy kar net makke. Wêrom no, ik tink dat wannear't wy it neigean blykt dat de grûn der sûnt 1984/1985 fersmoarge oanwêzich is. Lykwols binne der dochs best wol minsken dy't belangstelling hawwe foar dit pan. Wy moatte no einlings in kear út'e rie. Wy kinne it wol foar ús útskowe, mar dêr sjitte wy ek net sa folie mei op. Ik tink oangeande de miljeu-aspekten dat wy te meitsjen hawwe mei minerale fersmoarging, oalje ensafuorthinne en hoe langer wy wachtsje hoe fierder it giet. Dus yn dy sin soe ik it betreur je wannear't wy dit wer op'e nij útstelle. 0109V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 20