-21- 18. Voorstel tot huisvesting van diverse Welziinsactiviteiten in de voormalige kleuterschool "It Beukerhof" te Akkrum. Frou Ziilstra seit, mei it útstel is de fraksje fan'e P.v.d.A. ynnommen. Fjouwer organisaasjes, de Stifting Foarwurk, de Basisedukaasje, Aldereinwurk en it Jongereinwurk Akkrum komme yn koarte tiid mei in útstel wat ús fraksje in goede saak ta liket. Wy wolle dit yn prinsipe akkoart ferklearje. Sa'n 400.000,jout de gemeente om dizze húsfesting no te realisearjes. We binne der natuerlik noch net. Mar it is wol sa, der leit noch net in goed plan oer de opset, útfiering en de finânsjen. Derom moatte wy dúdlik stelle dat dit ek it einbedrach is wat jûn wurde kin, en dat der ek gjin ferwachtings mear nei de gemeente ta binne. Der sil noch wol hjir en der jild fûn wurde moatte, bygelyks út'e subsydzje- potten. Lokkich kinne we miskien gebrûk meitsje fan'e J.B.J.-jilden as wy in convenant sosjale fernijing ôfslute. Oer dy proseduere hoopje wy hjir ek in beslút te nimmen. De realisaasje fan it projekt komt yn hannen fan de Stifting Aktiviteitensintrum Akkrum en ek wurdt it behear goed regele. Wat de tydlike húsfesting oanbelanget seit ús fraksje dêr net oan mei te wurkjen. Foarwurk kin earst foarút, de Basisedukaasje wol ferhuze as alles klear is, it Aldereinwurk hat in tydlike húsfesting en it Jongereinwurk yn Akkrum, hoe sneu dat dan ek wêze moat, sil efkes wachtsje moatte mei de aktiviteiten. Wol wol ik opmerke dat wy de finansjele opset wat swak foenen. Yn'e ôfdieling is dat wol út'e doeken dien, mar it hie dúdliker west om't yn it útstel op te nimmen. Dan wurdt yn it stik sein dat no in wite flek weiwurke is, mar dêroer noch dit. Der is ek yn Grou in ynspanningsferplichting om in grutte seal te krijen. En dy wite flek is noch net fuort. Wy geane as fraksje fan P.v.d.A. der dan ek fanút dat de ynspanningsferplichting der noch bliuwt. Miskien wol de wethâlder der aanst op anderje, benammen as bygelyks de plannen Vellinga net trochgean. Dan noch wat oer de Stifting Aktiviteitensintrum Akkrum, de relaasje mei de stifting en de Koepelstifting. Wy soenen de weth&lder freegje wolle, wy binne yn 1987 begûn mei it yn gong setten fan in belied om in Koepelstifting op te rjochtsjen. Dat ia foarrich jier bard. Foarwurk is in selstannige stifting wurden. Is der in relaasje tusken dizze twa, tusken it Aktiviteitensintrum Akkrum en de Koepelstifting. As dat net sa is, kin de wethâlder dan ek oanjaan, oft der ek op koarte termyn yn'e ôfdieling in plan fan oanpak komt oer de Koepelstifting en wannear't wy dat dan temjitte sjen kinne. Frou Veldstra seit, it earste part fan it útstel is ûnuntkomber foar safier it de wolwêzenkoepel oanbelanget. It kolleezje hat yn it útstel it Aktiviteitensintrum Akkrum keppele oan'e wolwêzenkoepel, wat wy op himsels net krekt achtsje. It Aktiviteitensintrum is pas letter op'e hispel kommen. Dêr om soenen wy it beslút oer it Aktiviteitensintrum leaver útstelle wolle en ôfwage yn't ramt fan de nije beliedsfisy fan it kolleezje dat noch op kommende wei is. 0109V 101

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 23