-23- Mar sa as it út stel hjir no lelt kin de V.V.D.-fraksje dêrmei ynstimme en winsket de konsintrearre húsfesting yn Akkrum foar ûnder mear de Stifting Aktiviteitensintrum Akkrum, de stifting Basisedukaasje De Klink, de stifting Aldereinwurk en de stifting Foarwurk in bulte sukses en nocht yn harren arbeidzjen. De hear SBouma seit, de P.v.d.A.-fraksje praat oer in ynspanningsferplichting nei Grou. Moat ik derút opmeitsje dat de underhaxwelingen mei Vellinga noch net hielendal dúdlik binne? Wethâlder Bloem seit, frou Santema slút ôf mei in protte nocht oan it wurkjen. As je sjogge hoe't dit allegearre realisearre is, krije je nocht oan wurkjen. Dan krije je nocht om te besykjen om wat net sa ticht byelkoar leit by in oar te bringen. Yn de óf rune tiid is der hiel wat bard en hiel wat ôfpraat. Ik tink dat as je prate oer de Koepelstifting, wêr't jo it ek oer ha en mei it feit dat op dizze wize tal fan organisaasjes yn'e gemeente sa meiinoar gearwurkje, der in goede basis leit om aanst fierder te praten oer de fierdere realisearring fan in Koepelstifting. It is no ek dúdlik wurden wat men no oan elkoar hat. Ik tink dat it in goede saak is om der no oer te besluten. It is sa dat wy oan it begjin fan dit jier, yn maart-april, sein hat "safier wolle wy gean, dat is ús leste bod". Dêrnei is einlik in protte bard. Dêrom bin ik bliid sa dat der toch op dit stuit in oantal saken foar de fekânsje koartsluten binne; dat minsken fierder kinne, en ek útsicht krije op in ferfolch. Dat wie it gebrek eins hieltyd yn'e diskusje dy't wy hjirfoar hienen. Ik hoopje dan ek mei it feit dat wy dit no útstelle dat de ried dit oernimme sil, dat wat dat oanbelanget de feart dêryn setten wurdt, en de minsken nij perspektyf krije yn harren aktiviteiten. Ik nim der kennis fan dat de P.v.d.A.-fraksje seit net mei te wurkjen oan in tydlike oplossing. Dêrfan hawwe wy ek sein dat moat op dit stuit net barre. Sy kin har foarstelle dat de F.N.P.-fraksje seit, einliks is in part ûnuntkomber. Wy tinke dochs dat mei it feit dat al disse groepen mei elkoar te krijen ha om't se bepaalde belangen en ideeën hawwe oer de festiging, dit no it moment is o» troch te pakken. Wethâlder Hleuwdam wol yn it foarste plak oan j aan dat de útwurking nei dit útstel ta dochs yn syn eagen in hege priori teit hat, sjoen de need dy der is. Mar wat ek hiel wichtich is dat wy sizse, dit moat no barre, sjoen it feit dat op dit stuit fjouwer ynstellings meiïnoar gear binne en meiïnoar gearwurke hawwe en mei dizze opset komme. Wanneer't wy it utstel fan'e F.N.P.-fraksje folgje soenen, en wy soenen de Stifting Aktiviteitensintrum Akkrum dêrút helje dan tink ik dat je it hynder efter de wein spanne, en dat we aans wer like fier binne as wy wienen, dat moat perfoast net. Oangeande it fullen fan de potten, der't it nedige fan sein is, earst dêrút finansierje en dan moat it allegear wer werom, tinkt hy dat dat slimme konstruksjes binne, sa wy yn it ferliene ek net omgongen binne mei jilden dy't wy út'e reserves weihellen. 0109V 103

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 25