-24- Wol wol ik dêroan keppelje de fraachstelling dy't der west hat oangeande de seal 300 en de ynspanningsferplichting dy't de gemeente op har nommen hat om der foar te soargjen dat der sealakkomodaasje komme kin. Ik ha ferliene wike in petear hân mei de hear Vellinga. De hear Vellinga is noch hieltyten fan miening dat hy dus fierder gean moat. Yn dat opsicht tink ik yn'e rjochting fan Grou en ha goeie hoop dat it fierders wol goed komt. Ek al soe dat op termyn in negatyf effekt ha, dan ûntstiet der op dat stuit in nije sitewaasje dêr't wy ús oer beriede moatte. Ik tink net dat it goed, is yn it ferlingde dêrfan, no dy saak fêst te halden oangeande Akkrum en dan te sissen it gebou yn Grou moat earst stean en iepen wêze. Nee, wy moatte benammen nei Akkrum, no't it izer hyt is it smeie. De oanbelangjende groepering yn Akkrum sil no fierder in plan fan oanpak meitsje en der sil ek noch wol in rol foar de gemeente ynsitte. Hy stelt út sadree't it dêrta ree is mei de tredde ôfdieling en miskien mei de twadde ôfdieling te praten oer de fierdere saken. Mefrou Zijlstra seit, sa't de wethâlder reagearret op de ynspanningsferplichting yn Grou, tinkt sy dat it dudlik is dat wy alle hoop hawwe dat de hear Vellinga syn plannen trochset. Mar ik tink dat wy der no fan útgean dat mocht der in kink yn'e kabel komme de ynspanningsferplichting yn Grou bliuwt. Wy steane Akkrum neat yn'e wei. Wy fine it in goede saak dat de aktiviteiten yn Akkrum bondele wurde. Mefrou Veldstra tinkt dat der fan har side in korreksje komme moat. It is net sa dat wy dat no perfoast loskeppelje wolle dat aktiviteitensintrum en de wolwêzenkoepelWy hawwe allinne sein, wienen disze groepen net byïnoar kommen, dan hie dit útstel der no net west. Fierders hat sy noch oanjûn om de opbringst fan'e ferkeap fan'e Radboudskoalle yn Jirnsum, dat in bestimming te jaan yn Jirnsum en eventueel de reserve fan Grou. Mefrou ffnntiftffln seit, begyp ik wethâlder Nieuwdam goed dat de gemeente de ynspanningferplichting op har nimt om mei de Stifting ia plan fan oanpak te meitsjen, sadat sy yn in mrkaitewaaaje komme? Bk hear S. Bouma seit, ferline moanne hat de ried besluten om gjtia subsydsje te jaan oan de hear Vellinga. Doe hat ik sein dat wy in ynspanningsferplichting hawwe, allinne die hawwe wy net te jilde makke. Dy ynspanningsferplichting bliuwt der neffens my wol. Ik fyn it frjemd dat der sein wurdt, hy bliuwt der wol en we moatte miskien, at it net trochgiet der rekken mei hâlde dat we dan ekstra jild foarornearje moatte. Dan is it frjemd om te sissen fan wy binne der tsjin en dan efterôf wolle we de ynspannings- ferplichting hurd meitsje. We beslute no om it jild foar Akkrum te bestegen. 0109V 104

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 26