-25- De hear Renia tinkt yn tsjinstelling ta de hear S. Bouma dat it mekoar net byt. Je kinne no it jild bestimme wat der wie foar de mienskipssintrum Grou nei Akkrum. Mar dat lit ûnbehindere dat je as kolleezje noch wol de ferplichting hawwe om in oplossing yn Grou te sykjen. Hy hat fierders noch in opmerking oangeande de Radboudskoalle yn Jirnsum. Hy tinkt wol dat it een goede saak is om by de ferkeap fan de Radboudskoalle oerlis te hawwen mei Pleatslik Belang Jirnsum. Der lizze bepaalde ideeën oer wat der wol of net moat. It is ferstannich om der kontakt mei te sykjen. Hy tinkt net dat de opbringst fan'e ferkeap it doarp Jirnsum takomt/ want it wie ornearre foar de Koepelstifting. De hear Breeuwsma seit, net neilitte te kinnen om hjir op te reagearjen. Hy fynt net dat je trochgien moatte fan dit is foar Jirnsum en dat is foar Grou. Der wurde foar bepaalde saken bedragen foerneard. De hear Van der Baan seit, út de wurden fan de hear Breeuwsma te begrypen dat de doelreserves better opheven wurde kinne, wannear't dat bepaalde plakken tegoede komme soe. Interruptie: de hear Breeuwsma seit dat de hear Van der Baan him net hat begrepen. Wethêlder Bloem seit, ik tink dat ik it útstel fan'e F.N.P.- fraksje, as it giet om it bestimmen fan de opbringst fan'e Radboudskoalle, dochs net oernimme kin. Wat hjir op tafel leit is in totaalferhaal, dêr't in bepaalde dekking socht is. It is wilens wol bekind dat wannear't it om dit soarte aktiviteiten giet, dat it dan giet om sneupen en goed sykjen nei jild om te sjen hoe't wy mei syn allen it plan en de bedoeling fan it plan, dat dochs foar de hiele gemeente fan belang is, realisearje kinne. Dêrom wol ik mei klam pleitsje foar in totaalbenadering en net de opbringst fan'e Radboudskoalle nei it doarp ta. Ik tink oan'e oare kant wol dat it fan belang wêze kin om kontakt mei Pleatslik Belang te hawwen, oer wat dy der eventueel wolle, no de Koepelstifting der net komt. Oan de oare kant is it sa dat wy al earder bepaalde gedachten hân hawwe oer wat der eventueel komme moatte soe. Ik tink dat wy dy âlde gedachten der wer is efkes byhelje moatte en ris neitinke moatte wat hawwe wy earder wollen. Dat wienen dochs meast lytskealige saken, dy't der goed pasje soenen binnen it gehiel. Wethâlder Nieuwdam seit, dat hy oannimme kin, heard de reaksjes fan'e fraksjes, dat wy hjir meiinoar efter steane. Dat dêrmei nei de groeperingen ta in stikje finansiering yn'e foarútsicht stelt wurdt, mar dat dêrmei de kous fierders óf is. It hêldt wol yn dat wy yn de fierdere útwurking noch meiïnoar prate sille, mar dan prate we net mear oer jild, mar oer hoe't de saken der fierders globaal útkomme te sjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 0109V 105

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 27