-26- Mefrou Veldstra seit, ek de F.N.P.-fraksje is fan miening om it útstel net oan te nimmen, mar om it nochris te behanneljen yn'e tredde Sfdieling. De hear SBouma seit/ dat hy dat wol stypje kin. Wethalder Nieuwdam seit te begrypen dat der in oantal fragen binne, dy'e oan'e iene kant te meitsjen hawwe mei it besteansrjocht fan de Hobbywurkpleats en oan'e oare kant binne der ek in oantal oare spesifieke fragen. It liket him it beste ta om yn augustus dêroer yn'e ôfdieling te praten, en wol út namme fan it kolleesje útstelle it útstel oan te hâlden. Het voorstel wordt teruggenomen, en wordt eerst in de afdeling besproken. De raad gaat daarmee zonder hoofdelijke stemming acoord. 20. Voorstel tot het bereiken van voortgang in streven naar het aangaan van een convenant in het kader van Sociale Vernieuwing. Mefrou Santerna seit, der binne al hiel wat gemeenten ús foargien mei sosjale fernijing. Wy sprekke út earst in plan fan oanpak klear te hawwen en dan in konvenant oan te gean. Doarpsfernijing en ferbettering fan wenomjouwing yn nau oparbeidzjen mei doarpsbewenners kin as sosjale fernijing oanmurken wurde. Dan is der foar de V.V.D.-fraksje gjin reden om har dêr tsjin te stellen. It is foar de V.V.D.-fraksje in útdaging ek sosjaal fernijend dwaande wezen, seker as we fêststelle dat dit belied past binnen ús begjinsels. Dan wol ik noch oan de Sosjale Fernijing keppelje, dat it hiel hastich opsteld is. It is just yn dizze tiid dat alle mienskippen en frijwilligers mei fakânsje binne. It is no lestich om kontakten te lizzen mei organisaasjes ensafuorthinne. Kinne wy dit no net in bytsje opskowe dat it letter yn'e ried behannele wurde kin, sadat wy mear kontakt krije, sadat ús linen nei de boargers wiidweidiger útpluze wurde kin. Mevrouw Van den Berg zegt, sociale vernieuwing is een goede zaak, met name extra aandacht voor mensen in achterstandsituaties voor wat betreft arbeid, scholing, leefomgeving etc.; laten we wel beseffen dat het gaat om oude wijn in nieuwe zakken. Op een aantal terreinen zijn we al actief, als voorbeeld noem ik de Banenpool. U schrijft dit voorstel om een convenant af te sluiten in november van dit jaar naar aanleiding van een initiatiefvoorstel van de P.v.d.A.-fractie. 0109V 107

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 29