1 -29- Allinne - in bytsje oanfielend dat elkenien dit dochs graach útein sette - wol hawwe wy sein: "Wolle wy wat dwaan, 15 novimber, dan sille wy der de nedige prikken foar yn it wurk sette moatte". Dan sille wy mooglike ûnwissichheden en allerhande oare saken dy noch net hielendal dúdlik binne op dit stuit/ besykje moatte sa helder mooglik te krijen; mar dochs útein te setten. Al dy ûnwissichheden en al dy saken ha wy fertaald yn it plan fan oanpak, sa't it hjir no leit. Wy ha dêrfan sein, wy hoopje op dizze wize yn elk gefal yn novimber in hegjin te hawwen fan'e kontoeren hoe eventueel Sosjale Fernijing der yn ús gemeente út komt te sjen. Der binne in tal fan opmerkings makke dy te krijen hawwe my it feit wêrom dit no allegearre so hastich moat en hoe komt it mei de fakânsjes. Oan'e iene kant hat dat te krijen mei it feit dat je dochs binnen dy fjouwer wike reagearre moatte op in inisjatyfútstel. Oan'e oare kant hat dat te krijen mei it feit dat we sizae it moat barre en we moatte dêrmei oan'e slach. Ek op dat mêd tink ik dat wy best handikapt binne, of yn elk gefal bepaalde wurksumheden hawwe yn it ramt fan allerlei oare aktiviteiten; it V.M.A. bygelyks. Oan'e oare kant moat ik konstatearre dat binnen it amtlik apparaat en ek yn it kolleezje sien wurdt: "Minsken dit slót oan, it slút oan op de fisy dy't wy hawwe". Mooglik net sa bot útsprutsen op dizze wize at it hjir yn it kader fan'e Sosjale Fernijing giet. As ik no sa hear hoe't elkenien hjirop reagearret dan is it yn feite foar elkenien in iepen door dat je je hjirfoar ynsette moatte, en wannear je troch middel fan it sluten fan in konvenant Sosjale Fernijing de regelingen dy't der no binne, mooglik noch sûnder ekstra finânsjen fan de gemeente, better der bringe kinne dêr't se hearre - nammentlik by dy minsken dêr't omgiet - dan tinkt ik dat it in pré is dat dy minsken ek op in oare wize interessearre wurde yn elkoar en elkoars aktivi- teiten. Wy binne ek fan doel om mei al dy minsken dy't der mei te krijen hawwe, de initiatyfgroep en ek al dy minsken dy't oan't no ta binnen ús gemeente der aktyf mei west hawwe, om dy derby te belûken. Dan tink ik dat wy grif goede stappen sette kinne en dat we elkoar ek beethâlde moatte om dêrmei fierder te gean. Ik tinkt dat myn beantwurding oan jout dat mei alle faachheden mooglik, wy toch sizze dit moat op dizze wize barre. De faachheden dy hawwe eventueel ek te krijen mei it feit dat je no krekt yn gearwurking en yn gesprek mei minsken dy't oangiet de saken helder krije moatte. Ik tinkt dat it wichtichste fan it útstel is dat we sizze, wy wolle dat posityf benaderje, wy wolle dêrmei oan'e slach, tegearre mei de minsken. Miskien op in wat' oare wize as wy went wienen. No moatte we ris iepen mei de minsken oan'e slach, en sizze hoe sille we dit ha binnen it ramt sa't wy dit foar eagen ha, nammentlik binnen it breder brûken fan de regelingen en mooglikheden dy't der binne. Sy tinkt dat der goede saken te dwaan binne foar de minsken dêr't hjir omgiet. 0109V 110

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 32