-31- 21. Voorstel tot het vaststellen van het onderzoeksrapport S.G.B.0. inzake behoefte maatschappelijk werk. Mevrouw Van den Berg zegt, over dit voorstel willen we heel kort zijn. Het vaststellen van het onderzoeksrapport geeft voor ons geen directe problemen. Maar sinds wanneer stellen we onderzoeks rapporten vast in de raad. Maar voor ons is het niet logisch dat wij dan automatisch accoord moeten gaan met de uitbreiding van formatieplaatsen, tenzij u aangeeft waar wij deze verhoging van lasten uit kunnen financieren. Het voorstel geeft het niet aan, maar het gaat toch zeker bij benadering om een bedrag van 17.000,— tot 18.000, Mefrou Ziilstra seit, in augustus foarrich jier ha wy besletten ta in ûndersyk omt der op twa meden problemen wienen. De akute finansjele tekoarten en de needsitewaasje yn'e helpferliening, de wurkdruk. Der waard sjoen nei maatregels op koarte en lange termyn. It undersyk is dan no klear en we ha in rapport krigen mei befinings en konkluzjes en oanbefelings. Us fraksje fynt dit rapport dúdlik en it jout goed oan wêr't de knyppunten sitte en wy kinne it mei it rapport iens wêze. Dan de oanbefelings. In útwreiding fan it formaasjeplak, dêr wurdt nei frege. Wy fine dat dy kar dreech is omt wy foar it hiele V.M.A.-rapport steane en as wy ja sizze sil dit struktureel in 17.000,yn us begrutting skele. In bedrach fan 1,de ynwenner sil ús dit kostje. Nei lang "wikken en wegen", fine wy dochs dat wy dit trochsette wolle". En wêrom? Omt wy fine no't dit rapport sa dúdlik de knyppunten oanjûn hat. Wy fine dat it maatskiplik wurk in basisfoarsjenning is, it is neat gjin luxe en dat is dan ek de ienige reden dat wy efter dit útstel stean kinne. Dan moat dúdlik wêze en je hearre al wat lûden fan omringjende gemeenten, dy't miskien net mei it útstel iens wêse kinne, dat wy dêr beslist net foar opdraaie wolle. Ik tink dat wy dat yn'e tredde ôfdieling ek al hiel dúdlik nei foaren brocht hawwe, mar dat moat ek dúdlik wêse. Dan wurdt der noch in oanbefeling dien oer de- bestjoersferantwurding. Wy fine it in hiele goede saak dat dat oars wurdt, foar ús is it tige wichtich dat der in goed oeslis is tusken de stiftingen fan maatskiplik wurk en de gemeenteDe lange termynmaatregel, dêr wolle wy fan sizze dat dat sa wie sa yn'e êfdieling werom komt. Wy ferwachtte yn earste ynstansje ek net in jildlike bydrage foar in ferheging, omdat wy tinke dat yn it rapport ek oanjûn is dat der effisjinter wurke wurde kin. Wethêlder Nieuwdam seit, wy ha ferliene jier de oanset jûn ta dit undersyk. In undersyk wat op dat stuit troch alle njoggen dielnimmende gemeenten ûnderskreaun is en dêr't wy ek meiïnoar efter stean om dit út te fieren. De risseltaten dêrfan lizze no foar us in konkluzjes en analyses. Ik tink dat as je op in bepaald stuit meiïnoar beslute om in ûndersyk yn te stellen, de mooglikheid bliuwt om de oanbefelings en konkluzjes wol of net te ûnderskriuwen. 0112V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 34