Yn har maatskiplike fisy stribbet sy ûnder mear nei in harmonymodel mei in oerheid dy't it algemien wolwêzen tsjinnet wêrby it individu yn syn eigen wearde litten wurdt. No is it sa dat dy gedachte en dy tinkwize fan'e Coornhert- stifting hjoeddedei werom fûn wurde yn de inisjativen op it mêd fan de sosjale fernijing. Troch it ynstellen fan'e priis wurdt de yntegraasje fan alle minsken yn'e samenleving en dus ek de sosjale fernijing befoardere. En hy fynt dus krekt, no't wy aanst ek noch in útstel datoangeande te behanneljen krije, dat wy dat seker meinimme moatte en it net sûnder mear oan'e kant skowe moatte. It giet om in ienmalige bydrage fan 500,dy't dan yn in soart priizepot stoart wurdt en dêr't dan alle mooglike projekten, dy't tsjinje foar sosjale fernijing, mei beleane wurde. Ik tink dat dat no krekt past yn ús stribjen. De voorzitter zegt dat de heer Van der Baan in beginsel gelijk heeft en merkt op dat het overigens een jaarlijks gebeuren is van tenminste 500, Maar daar staat tegenover dat wij toch zeer terughoudend zijn met het subsidiëren van instellingen hoezeer zij ook onze belangstelling hebben, danwel moeten hebben. Dat is de reden dat wij de vorige keer dit verzoek hebben afge wezen. De hear v»n seit dat no't wy dúdlik dwaande binne om nije inisjativen te ûntwikkeljen, it hint wol de muoite wurdich liket, just no't in nije fisy ûntstiet, dit wol te behanneljen. De voorzitter zegt accoord te gaan, we handhaven het om advies in handen te stellen van burgemeester en wethouders en het komt terug in de raad. Punt 13. Frou Veldstra seit út it jierferslach docht bliken dat de stifting ûndersykje wol of it ek winsklik is om't G.F.T.-ôffal fan Dearsum en omlizzende doarpen te ferwurkjen op harren ynstallaasje. G.F.T. is in hiele goede opsje en geskikt foar it produaearjen fan biogas. De koeten fan transport soenen sa foar in diel besparre wurde klnna. Sy ia tige benijd of it kolleezje al reagearre hat op harren útstel om de proef mei harren oan te gean. Wethâlder Nieuwdam: wy hawwe kennis naam fan it jierferslach dêr't yn oanjûn is dat men oan wol op'n twa spoarebelied oangeande de kontinuïteit en der heart it G.F.T. by. Wy binne ferplicht om it G.F.T. oan it O.L.A.F. óf te leverjen. Ut petearen mei it O.L.A.F. docht bliken dat sy der gjin problemen mei hawwe dat wy it ôffal ôfleverje oan Dearsum. De neiere betingsten moatte noch wol oerien komme wurde, mar wy binne tige "yn" om hjir ús meiwurking oan te ferlienen. 0109V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 4