GEMEENTE BOARNSTERHIM 21. Utstel om jild beskikber te stellen om it oantugen fan nije ferkears metoaden yn it basisûnderwiis te stimulearjen. Oan de gemeenterie. Grou, 6 septimber 1991. Doe't jimme op 9 septimber 1987 it beslút namen om mei te dwaan oan'e aksje - 25% waard as ien fan'e doelen om ynkommend jild oan te besteegjen neamd "it jaan fan ferkearsûnderrjocht sawol op skoallen foar basisûnderwiis as foar ferfolchûnderwiis. Troch it haad fan'e iepenbiere bassiskoalle "De Lege Geaën" te Sibrandabuorren is in fersyk yntsjinne om in bydrage yn de kosten fan it oantugen fan in nije ferkearsmetoade. Wy binne fan betinken, dat in tientsje de learling in aardige stimulans is foar it basisûnderwiis om it lesmateriaal by de tiid te halden. Op't stuit is it tal learlingen op'e basisskoallen sa'n 1874: as alle skoallen meidogge sil der in bedrach fan 18.740,mei hinne gean. Yn'e pot "reservering verkeersveiligheidsbeleid" sit, sa't yn'e op besjen lizzende stikken bliken docht, genôch jild. Wy stelle jimme dan ek út om in bedrach fan 18.740,beskikber te stellen foar stimulearjen fan it oantugen fan nije ferkearsmetoaden yn it basisûnderwiis. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, mefrou A.M.E. van der Sluijs. B.G. Holtrop. 0112V 78

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 72