GEMEENTE BOARNSTERHIM 22. Utstel om in beslut te nimmen om de iepenbiere basisskoalle "It Kampke" te Terherne yn stân te halden. Oan de gemeenteried. Grou, 6 septimber 1991. Op grûn fan kêst 108, le lid fan de Wet op it Basisûnderwiis moat de gemeenteried beslute in iepenbiere basisskoalle op te dûken, wannear't it tal learlingen op 16 jannewaris fan 2 skoallejierren efterinoar minder west hat as 50 yn in gemeente mei minder as 25.000 ynwenners (skoallejierren 1989/1990 en 1990/1991). Dat beslut moat nommen wurde foar 1 oktober fan it skoallejier, dat folget op beide skoallejierren, lyk as hjirfoar oanjûn is oftewol foar 1 oktober 1991. Neffens kêst 108, 4e lid, fan neamde wet, beslút de gemeenteried lykwols om de skoalle yn stén te halden, wannear't dat needsaaklik is om te foarsjen yn foldwaande gelegenheid om iepenbier ûnderwiis te folgjen. Ek dat beslút moat nommen wurde foar 1 oktober 1991. Yn beide gefallen moat it riedsbeslút troch Deputearre Steaten goedkard wurde. It beslut fan Deputearre Steaten moat foar 1 febrewaris 1992 nommen wurde. Nei oanlieding fan it boppesteande diele wy jimme mei, dat yn ús gemeente 1 iepenbiere basisskoalle oanwêzich is, dy't ûnder de noarm fan 50 learlingen fait, nammentlik "It Kampke" te Terherne. Dy skoalle telde op 16 jannewaris 1990 39 learlingen en op 16 janne waris 1991 41 learlingen. De léste kear hat Deputearre Steaten fan Fryslân it ynstânhâlden fan "It Kampke" yn Terherne goedkard hawwe wie 29 jannewaris 1991 (brief Deputearre Steaten fan 18 febrewaris 1991, nûmer BW.90-40173Yn harren goedkarringsbeslút hawwe Deputearre Steaten der op wiisd - it giet hjir op grün fan kêst 108, 9e lid fan de Wet op it Basisûnderwiis om in saneamde Deetmanskoalle - dat sanedich in nij ynstânhâldingsbeslút troch de ried foar 1 oktober 1991 nommen wurde moat. It ynstânhâlden op grün fan de "Deetmannoarm" is ôfhinklik fan de situaasje op 16 jannewaris, oanslutend op de 2 foarôfgeande skoalle jierren (16 jannewaris 1990 en 16 jannewaris 1991) oftewol 16 janne waris 1992. Op it stuit dat it ynstânhâldingsbeslút troch de gemeenteried nommen wurde moat (foar 1 oktober 1991) is it net mooglik mei absolute wissichheid fêst te stellen at op 16 jannewaris 1992 ek oan de "Deetmannoarm" foldien wurde sil, al liket it der op, dat it tal learlingen fan "It Kampke" dan 44 wêze sil. 0112V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 73