-2- Op grûn fan kêst 108, lid 9, ferfalle alle prosedueres en besluten oangeande it ynstânhâlden, wannear't: a. it oantal learlingen op 16 jannewaris 1992 gelyk is oan, of mear is as de wetlike opdûkingsnoarm; b. mear is as 29 yn gemeenten mei minder as 25.000 ynwenners en binnen in Sfstân fan 3 kilometer (himelsbreed) fan de skoalle gjin oare iepenbiere basisskoalle oanwêzich is (foar "It Kampke" fan tapassing) Mei dy bepaling is fersekere, dat de "Deetmanskoalle" mei wetlike beskerming yn stân bliuwe. Omdat Deputearre Steaten uterlik 31 jannewaris 1992 in beslút nimme moatte oer it al of net goedkarren fan it ynstânhâldingsbeslút hawwe hja de gemeentebestjoeren frege sa gau mooglik nei 16 jannewaris 1992 it tal learlingen fan de oanbelangjende skoallen oan harren troch te jaan (op syn lest 20 jannewaris 1992). Yn dat ferbân ferwize wy teffens nei it rûnskriuwen fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 30 july 1991, mei it skaaimerk BW91-37555, dat foar jimme by de riedsstikken op besjen leit. Gearfetsjend stelle wy jimme út om te besluten de iepenbiere basis skoalle "It Kampke" yn Terherne yn stân te hâlden. It oanbelang jende ûntwerp-riedsbeslút leit by de riedsstikken foar jimme op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, mefrou A.M.E. van der Sluijs. B.G. Holtrop. 0112V 83

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 74