-12- VQorsteltothetbeschikbaar stellen van een krediet voor de vervaardiging van de structuurvisie Grou-Noord. De hear Breeuwsma seit, wy hawwe hjir wakker nei sitten te sjen. In bestimmingsplan en dat beslagt it "bedrijventerrein Biensma, recreatieoord Yn'e Lijte, het gebied de Burd en het woongebied Meinga". Binne jimme no net in bytsje drokachtich dwaande mei dit soartte dingen. Want it is nammentlik sa, wy hawwe in fisy op Meinga. Dër wurdt aanst ek wer in beslút oer nommen. De Burd, it liket my net sa goed ta, der no planologen op los te litten. Lit der earst mar ris dúdlikheid wêze hoe't men no eigentlik, sawol fan'e provinsje as fan L.N.O. mei it gebiet om gean wol. Lit no samar net in planoloog dêr wer nei hertelust in filosofie oer opbouwe. Lit der no earst ris in kear dúdlikheid wêze, hoe't it is. It rekreaasjeoard Yn'e Lijte, no de namme alinne al seit je in soad fraachtekens. Ik tocht dêr moat ek earst mar ris dúdlikheid komme wat der no te barren stiet. Biensma dat is sa lang al yn proseduere, en om no dy hiele hannel yn ien kear te beflappen. No hawwe jimme wol leuke hannel dien en sizze dat kin foar mar 30.000, Dan is 30.000,altyd noch te folie. Begjin no asjeblieft net yn dizze "wir war" fan saken, en lit dêr planologen op los, want ja natuerlik, it is de minske harren wurk, en dy ha wol aardichheid om dêrmei te begjinne. Hjir binne noch safolle ûndúdlikheden en fraachtekens. Doch it dan asjeblieft by dielplannen dan kinne se letter altyd nochwol yn inoar skood wurde. Dit wurdt in "wir war" en in gegûchel, dêr't jimme seis aans net mear fan wiite hoefier jimme hjir mei binne. Dat ik ried jimme echt oan, doch dit net. Dit wurdt in ellende. Der bin sa'n soad einen dêr't jimme noch gjin antwurd op hawwe, dêr't in planoloog altyten in antwurd op hat. Want as dit net slagget hat der aanst wer in oare offerte. Dit kin net. De hear Oosterhof seit, wy hawwe dit wiidweidich yn'e 4e ôfdieling besprutsen, doe wienen wy hjir wol foar. It is dochs in gebiet dêr't de koiranende jierren hiel wat te barren stiet. It is gjin bestimmingsplan mar in struktuerfisy. Je kinne in fisy jaan, hoe't men dit yn'e takomst sjen kin. Men kin it wer bystelle. Ik bin it mei de hear Breeuwsma iens, dat as planologen dêroer begjinne, dan is it ein fuort, mar dat sil wol wat meifalle. De Burd stiet hjir op dit stuit noch net by, dat moatte we ôfwachtsje hoe't dat komt, dat is in tsjienjier- replan, dat stiet ek yn'e rapporten. Mar it is wol in goeie saak dat hjir ris in fisy komt hoe't aanst in Grou-Noord komt. Ek aanst Yn'e Lijte, mar ek as de wenningbou yn Meinga fol is, wer moatte wy dan hinne. Hoe tinke wy dan oer Grou-Noord. Us fraksje stiet der wol efter om hjir ris in fisy foar te meitsjen en der 30.000,oan te besteegjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 14