-7- Hy soe him foarstelle kinne, dat jo hjir iy beste dwaan kinne, dat jo dochs bygelyks tinke oan A, B, C ensafuorthinne It soe foarkomme kinne, dat de minsken dy't hjir kommen te wenjen, en as der faak besite hinne giet, dy fan fieren komt, dat dy ûnmooglik it plak fine kinne, as je der net in bytsje deselde line yn oanhâlde sa as it der no hinne leit. Wy soenen foarstelle wolle, meitsje der dochs S. van der Vegt- strjitte fan. De nûmers kinne wol oanpast wurde. De voorzitter zegt, dat als hij het goed begrijpt, de heer Breeuwsma de naam Lytshûs niet over wil nemen. De hear Breeuwsma seit, dat hy it in nuvere namme fynt en dat in minske der neat fan begrypt. De hear Van der Baan seit, dat hy der koart oer wêze kin; yn safiere, wy folgje de P.v.d.A.-fraksje yn harren stânpunt. Hy begrypt dat we der noch net folslein oerienstimming oer ha, omdat it C.D.A. der in oare miening oer hat, en dat is miskien min of mear it gefolch fan it feit dat it net yn'e ôfdieling besprutsen is. Hy tinkt dat it oan de iene kant miskien wol goed wêze soe om it wol te dwaan, benammen dat der op dit stuit ek net dúdlik is welke proseduere der folge wurde moat. Der is al op wezen, dat de saak yn earste ynstânsje foarlein is oan Pleatslik Belang Akkrum. Hy tinkt net dat dat it plak wie. Hy fynt dat amtners witte moatte dat wy by namme jouwing yn it foarste plak nei de Geakundekommisje moatte. It twadde is, dat hy graach wol dat it yn'e earste ôfdieling komt. Mar der binne mear saken dy't spylje, dy wol hy deroan fêst- keppel je. It is nammentlik sa dat op dit stuit de buordsjes feroare wurde moatte fan diken, strjittenammen, ensafuorthinne. Yn'e praktyk blykt dat men yn't foarste plak de ferkearde nammen derop set, alteast ferkeard stavere, en yn it twadde plak de buordsjes op folslein ferkearde plakken delset. Sa is by de Easterboarn in boerd plakt, en dat blykt de Tynjedyk te wezen. Sa is by Jinswâlde ek in buordsje en dat moat de Leppedyk wêze. By Nije Skou blykt it buordsje Jousterdyk te stean. Sa binne der tal fan oare foarbylden wat nochal betizing jaan sil. Ik wol dus ek foarstelle dat wy in alle gef allen yn'e ôfdieling hjir yndringend oer prate hoe't wy al dizze misfettings derút hel je kinne. It blykt nammentlik, dat der in kaart fan Boarnsterhim brûkt wurdt, by de tsjinst dy t dy saken útfierd en dy 5 of 6 jier tebek printe is en stiif fol mei flaters stiet. Nei alle gedachten sil dêr de ferkearde stavering fan strjitte nammen út fuort komme. Dus fandêr dat hy útstellen wol, litte wy mei de Geakundekommisje en yn'e earste ôfdielng ris praten oer hoe is dit allegearre ûntstien en mei it amtlik apparaat, sadat wy dit soart betizingen te foaren komme kinne. 0120V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 28