-8- De hear SBouma seit, dat de V.V.D.-fraksje it ek fjremd fynt dat it advys fan'e Geakundekommisje samar oan'e side skood wurdt. Om't temear it advys neffens ús der al betiid lei. Mefrou De Boer rept oer in datum van 18 juny. Seis hat hy in kopy fan in brief van Pleatslik Belang oan'e gemeente en dy is fan 12 juny, net echt let, en Pleatslik Belang kin him der prima yn fine. Hy tinkt dat as jo sa'n Geakundekommisje hawwe dat jo fan harren tsjinten gebrûk meitsje moatte; der is dy kommsije foar ornearre. En as dy mei in advys komme, dan liket it him hiel simpel dat je dat dan oernimme moatte, of it moat wêze dat jo in hiele oare reden hawwe. De reden dy yn't stik stiet, dat it te let yntsjinne is, wol ús net oan. Dêr woenen wy graach nochris wat fan hearre en oars oerwage wy dochs om it advys fan'e kommisje oer te nimmen. Regels binne regels De ypQrzjtter zegt, "regels zijn regels", ik denk dat u gelijk heeft, maar het moet niet zo zijn dat je slaaf wordt van je eigen regels. Er moet aanleiding kunnen zijn om hiervan af te wijken. Het is helemaal juist dat er laat advies ingewonnen is van de Geakundekommisje. Eerst is de lijn naar Plaatselijk Belang gevolgd. Dat is een misverstand binnen onze organisatie geweest. Dit heeft tot gevolg gehad dat het begrip "te laat" betreft, dat er van de zijde van het verzorgingstehuis is aangenomen dat de gemeente instemde met de naam zoals die door het verzorgingstehuis was voorgesteld, namelijk Lytshüs. Op basis daarvan is gezegd, men gaat ervan uit dat het die naam zal gaan gelden. De naam van de Geakundekommis je is dan niet hier te gebruiken. Maar wij bewaren deze voor de toekomst. Gezien de naam moet die gezocht worden in de buurt fan de fabriek van U.T.-Delfia. Wij hebben dit uit praktische overwegingen gedaan. De hear Van dSLSseit, dat wy, benammen wat dy nammejouwing oanbelanget, wol hiel foarsichtich wêze moatte. Hy tinkt dat it betizing jout. Wy witte no op dit stuit dat alle nammen, dy't jun binne oan persoanen yn in bepaald diel fan Akkrum, dat wy dy wêrom fine. No wyk jo fan dat stramyn dúdlik ôf. Ik tink dat dermei in stik betizing ûntstiet dy't men eins te foaren komme moat. Ik tink dat it helder en dúdlik wêze moat, want der lei ek noch in oar fersyk. Dat wie nammentlik om in oar part de Boarnkant te neamen. Dat is dan op dit stuit werom lutsen. Dêr fan hat men sein "Boarnskant foar in stik fan'e Leppedyk, dat is folslein ûnmooglik". Dus hat men dat werom lutsen, en is men ek net konsekwint west yn'e oanfragen. Ik bliuw derby dat jo foar alle dúdlikens better de persoansnammen yn dat stik fan Akkrum hélde kinnen en ek bine moatte oan dat stik. En dat je der in Lytshüs net fine kinne, as jo der ûnbekind binne. Foar de fynberhied fyn ik it net sa logysk. Mar ik wol oan'e oare kant graach oannimme wat jo sein hawwe en ik fyn dat wol akseptabel. Mar ik fyn it net sadanich om no ús stênpunt deroer te wizigjen. Oan'e oare kant soe ik leaver wolle dat wy dat yn'e earste ôfdieling nochris de saak trochnimme en op in riichje sette, sadat helder wurdt hoe't de saken der no foarstean.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 29