-9- Mefrou De Boer seit dat der sein is dat it better past yn'e buurt fan'e U.T.-wei. Mar der binne hielendal gjin plannen om dêr noch dyken te meitsjen. As twadde, wat ik noch net neamd ha, is dat wy, krekt as de hear Van der Baan it Lytshûs net passen finne yn dat stik fan Akkrum, omdat dêr allegearre persoansnammen binne. En boppedat stiet de motivaasje fan boargemaster en wethâlders net yn'e stikken en is eigentlik muoilik út te sykjen. Wy woenen it dochs wol Hoitema- strjitte neame. De hear Breeuwsma seit, dat hy der sterk foar is om it oan te hâlden om it yn'e ôfdieling te bepraten. Want it komt frij ûndúdlik oer. De hear S. Bouma seit, de ferklearring wol akseptabel te finen. Mar dan sit je mei de ôfwaging hoefier dy nije namme Lytshûs yn Akkrum al in begrip is en hoefier it al yn it offisjele ferkear in yngong fûn hat. Hy bliuwt derby, dat dy namme op sich dêr net thús heart. Je hawwe yn dy buurt de Ruiterstrjitte en de Van der Vegtstrjitte en dat binne ek âld-Akkrumers en der past de Hoite- mastrjitte prima by. Wy binne der noch net hielendal út. Hy wol graach hearre hoefier dat no noch mooglik is en hoefier dat op praktyske problemen stuit. D® voorzitter zegt, alleen maar te willen zeggen wat de overwegingen zijn geweest. De besluitvorming wordt gedelegeerd aan de eerste afdeling. De raad wordt hiervan door middel van een mededeling op de hoogte gebracht. 5- Aanbieding rekeningen 1990 van het grondbedrijf snor t.hal/zwembad "De Twine" en de Algemene Dienst. De vpprzitter stelt voor de rekeningen van het grondbedrijf sporthal/zwembad "De Twine" en de Algemene Dienst in handen te stellen van de tweede afdeling van de gemeenteraad, als onder zoekscommissie De behandeling zal plaatsvinden in de raadsvergadering van 15 oktober 1991. 6- VQOrStpl tPt vaststelling van aandachtspunten ten behoeve van de hprpri^nt9t gemeentelin ke taken en vaststelling procedure totstandkoming bestuursplan. De hear Rgnia seit, dat dan foar ús it earste stik leit dat in útfloeisel is fan in ûndersyk nei it gemeentlik reilen en zeilen dat yn iepenbierheid komt. No binne wy twa jier letter en in heal miljoen lichter, soe ik hast sizze wolle. Dat klinkt wat negatyf, mar ik wol op foarhân sizze dat ús fraksje fan betinken is dat dizze eksersysje in goede saak west hat en is. Unopfallend, sûnder fanfare yn'e kranten, as dat meastal giet, binne in soart saken al goed op'e rails set en binne de gemeentlike finânsjen goed trochljochtteUs tank oan alle minsken dy t hjir entûsjast harren tiid en enerzjy in stutsen hawwe 0120V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 30