-10- Wy stean no foar de kar om de grûnslagen foar it gemeentlik hanneljen foar de kommende jierren oan te jaan, om sa te kommen ta in bestjoersplan foar de kommende 10 jier. Twa ynfalshoeken spylje hjirby in rol. Yn it foarste plak, ús minne finansjele posysje ein tachtiger jierren. In jier as trije hiene wy in dik tekoart op de jierrekken en gjin romte yn'e begrutting. Oerom ha wy yn'e maaitiid fan 1989 besletten om de nulline te hantearjen en om tagelyk in ûndersykburo de opdracht te jaan ús gemeente troch te ljochtsjen. In twadde ynfalshoeke wie it kolleezje-wurkprogramma, presentearre yn maaie 1990. Dit befette in fisy nei de takomst, in grut tal winsken en de fraach oan it kolleezje om it mar út te setten yn'e finansjele mearjierrenplanning. Dat moast lykwols wachtsje oant de gemeentlike finênsjen op'e riiche stiene. Safier binne wy dan no. Om it belied foar de takomst fêst te lizzen; om de rjochting fan jildstreamen oan te jaan, wie dêr f er let fan in fisy op'e takomst. In prakkesear- ploech gong oan'e slach, mar dy koe troch tiidsgebrek it wurk net dien meitsje; it kolleezje hat dat dien. Dizze fisy as ramt foar it bestjoersplan leit hjir globaal foar ús, as doelstel ling fan gemeentlik belied. Us betinken moat in yntegrale doelstelling wêze; in goed en aktyf miljeubelied. Net allinne de reiniging, riolearring en Hinderwet (en dat is al hiel wat). Mar ek mei behâld, en wêr mooglik fersterking, fan'e natuerlike wearden dy't ús gemeente kent. Dat ommers is it wat ús gemeente mei de mearwearde jout mei wenjen en benammen ek rekreaasje rjochting ynwenners. Dat is mei ús goede infrastruktuer, ús heger foarsjenningenpeil, ús kapitaal om wenjen en rekreëarjen en dermei de wurkgelegenheid oan te pongen. Wy pleitsje dus foar it opnimmen fan in goed aktyf miljeubelied as yntegrale doelstelling. As men dan it jild op in riiche hat, en men wit wêr't men hinne wol mei de gemeente, dan is it sinfol om in ijkpuntental foar it gemeentlik hanneljen yn te bouwen om it finansjele behear yn'e stringen te hâlden. Dat binne dan wat earst útgongspunten hieten, en no dan oandachtspunten. Foarsitter, dat is mar etiketteplakkerij, it is beide kearen ornearre as ijkpunt. Jo sille dêr dus foarsichtich mei wêze moatte, want jo lizze in stik takomstich hanneljen fêst. Us fraksje hat de oandachtspunten wiidweidich besjoen en hifke. We moatte sizze dat wy mei guon net mei út'e fuorten kinne. Ik sil se bylêns gean. a. De pulserende overheid. Neffens ús is dat hjir fiersten te absoluut stelt, sa't it hjir beskreaun wurdt, mei de oerheid saken oppakke, dy't in oar lizze lit. As it dan goed draait, dan mei er it wer út hénnen jaan. Wy binne der tsjin om soks as ijkpunt foar jo hanneljen te nimmen, al sil it kolleezje miskien hûnderd kear beswarre dat it sa absoluut net bedoeld is; skriuw dat dan ek net op. Wy woenen a. mar ferfalle litte sa it hjir stiet en wy woenen dan opnimme dat der yn'e gemeentlike perioadieke heroerwaging fan it takenpakket plakfine sil. Dat hoecht fan ús net ûnder a. stean te bliuwen, dan kin Onder e. by effektiviteit en effisjinsje in plak fine. m r\T7 -y n

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 31