-11- Wy fine trouwens ek dat it stelde ûnder e. net allinne jilde moat foar de middels, mar ek foar de minsken, foar it gemeentepersonielDat soenen wy dus by e. opnaam hawwe wolle. b. Wy hawwe yn it foargesprek al sein mei de stelling de "klant betaalt" kinne wy ús absoluut net ferienigje. En seker net dêr't ek noch eksplisyt keppele wurdt oan c. it minimabelied. Mei de kreet seis kinne wy al neat. It is te simpel om ús boargers as klanten te sjen. As men dochs sa nedich in fergelyk meitsje wol mei it bedriuwslibben, dan soe men fan oandiel- hâlders sprekke moatte. Ommers de ynwenners ha allegear meiïnoar it nedige yn'e gemeente stutsen middels ryksbelestingen en heffingen. It giet net oan omt bepaalde groepen boargers dy't it goed betelje kinne profitearre fan lege tarieven dan dy tarieven mar kostendutsend te meitsjen foar elkenien, en wa't dan dertroch net mear gebrûk meitsje kin fan bepaalde foarsjenningen, dy dan mar ûnder te minimabelied te skowen. Earst minsken oer de râne drukke en se dan gau as minima bestempel je en wat yn'e mjitte komme. Sok minimabelied foarsitter is in doekje foar it blieden. Dat kin nei de minsken net en dat is ek net ef fis jent. Want hoe berik ik al dy groepen dy't dy soarch nedich hawwe, foar safier se dan alteast net by Sosjale Saken komme, en wêr leit de grins. Foarsitter dit wurket net, en it is beskamsum nei de minsken dêr't om giet. Wol ús fraksje dan net prate oer kostendutsend- heid? Wis wol, mei ienmalige tsjinsten, leges foar fergunningen, kosten rydbewiis en sa ha ik gjin swierrichheden. Mei kostendutsendheid foar miljeufoarsjenningen en reiniging rioelen neffens it prinsipe fan de fersmoarger betellet ek net. Mar fisrders fine wy dat safolle mooglik minsken gebrûk meitsje kinne moatte fan foarsjennings sa dy't der bygelyks binne foar Sport, Sosjaal Kultureel Wurk, Underwiis, Bibliotheken en Maatskiplik Wurk. Wêr mooglik soene wy wol it prinsipe fan'e draachkracht hantearje wolle. Sa as bygelyks it pjutterwurk, de musykskoalle en it maatskiplik wurk ek al kinne. Dêr't wêr't net kin, moatte bepaalde foarsjennings berikber bliuwe foar elkenien. Ja, sizzen boargemaster en wethâlders dan fansels, dat bedoele wy ek. No dan sis ik nochris, skriuw it der dan ek sa del. Skras de "klant betaalt" en nim ûnder b dat oangeande it kostenaspekt slelt wurde kin, dat gemeentlike foarsjenningen foar safolle mooglik minsken ek finansjeel tagonklik wêze moatte; dat derby wer mooglik in prinsipe fan betelling nei draachkracht tapast wurde kin, sûnder dat ien en oar útslút dat ek bepaalde saken foar kostpriis levere wurde. Dat is in oare infalshoeke. c. Hinget sa dúdlik gear mei b. It is yn dit stik neffens my hast de skamlappe foar de beteljende klant. Dat it hjir wol ferfalle kin, dat hâldt net yn dat wy net foar in minimabelied wêze soene. Mar wy wolle earst wolris witte hoe doch je dat dan en wa berik je dan; allinne de aller ûndersten of ek de minsken krekt der boppe. Oant sa lang bliuwe wy foar it hantearjen fan in romhertich kwytscheldingsbelied. Mar dat hoecht fan ús net under dizze ijkpunten te stean. 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 32