-12- d. Derfan soe ik sizze wolle, dat wy hjir de regels foar privatisearring misse. Foar ús lizze dy op trije terreinen, nammentlik kontinuering fan it wurk, de rjochten fan'e wurknimmers en it finansjele aspekt. Dat soene wy hjir by d wol taheakje wolle. e. Der ha ik it al oer hân. f. Is akkoart. Jo sjogge foarsitter, mei wat lytse wiziginkjes kinne wy ús wol fine yn dit utstel. Mar ik bin der noch net, spitigernôch. De tiidsplanning der moatte wy it ek noch efkes oer ha. Neffens ús sil dy foar in protte saken te krap wêze, en wy fine wol dat wy de gebrûklike regels fan ynspraak yn acht nimme moatte. Foar guon saken is dat gjin probleem, dy kinne fuort ynfierd wurde, tink oan bepaalde ynterne feroarings. Guon oaren moatte troch de ynspraak, benammen dy't de boargers goed reitsje. Dat binne wy sa went en der sil romte foar komme moatte Foarsitter, resumearjend sa as jimme dat oan it ein fan it stik sizze, geane wy akkoart mei dit punt 6 fan'e riedswurklist, mei in tal wizingkjes. Punt a. Begjinpunt k oan it ein fan 61 taheakke oan'e doelstellings wenjen, wurkjen en rekreerjen moat wurde in doelstelling oer yntegraal miljeubelied. Punt b. Fan'e oandachtspunten der smite wy a. de "pulserende overheid". Wy stellen foar om der te skreauwen een perioadieke feryking fan de gemeentlike taken en dat eventueel bij e. ta te heakjen. Punt b. hat as útgongspunt net de "klant betaalt" mar de tagonklikhied fan'e foarsjenningen en it draachkrachtprinsipe, sûnder dat wy de kostendutsendhied alhiel útslute. Pwt Ct Kin ferfalle en wy wachtsje, en wy wolle ek meitinke, graach of hoe't it minimabeleid derút sjen sil. Punt d. Taheakjes rigels oer privatisearring, kontinuïteit, rjochtsposysje en finansjeel aspekt. Punt e. De herijking ûndersykje en yn elts gefal derby dat praten wurdt fan middelen en personiel want ek mei it personiel sil effektyf en effisjent omgien wurde moatte. Punt f. Is akkoart. De tiidsplaning moat romte aan foar gedegen ynspraak wêr nedich. nn oir i

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 33