-13- De heer Breeuwsma seit, dat it stik lést yn in foarfergadering ek al behannele is. Ik tocht earst, doet ik it sa seach en wy hienen der ris oer praten, sille wy it foar kennis jouwing oannimme. Want sa gong it ús einliks in bytsje. Mar it is hjoed de tredde tiisdei yn septimber, en der fait hiel wat te belibjen, dus we tochten lit ús ek mar in bytsje meidaan. Foarsitterwat hjir leit is in gearfetting fan allehande ferhalen dy't harren seis respektearjende polityke partijen yn harren programma sette, en der sille wy dan mei út'e fuorten moatte en sa is dit hjir ek bard. Ik kin my best begripe dat de hear Renia dat sa seit en benadrukt. It stiet der ek yndied yn. Der stiet ek yn dat kolleezje-wurkprogramma, dat der 2 miljoen bestege wurde sil foar nij belied, want der soe wat barre. Wat de sifers no oanjouwe is dat it stik fan HERO oanjout dat der 1,5 miljoen ombûgd wurde moat. Ik mis dat wat yn it stik. De sifers jouwe einliks net oan, dat ek elkenien sjen kin hoet der foar stiet. Der moat ombûgd wurde, der moat hiel wat barre en der ha wy twa jier ferline in djoer undersyksburo foar ynstelt en dy hawwe ús dat oanjûn. No leit it dêr en no sille wy der wat mei dwaan, teminsten dat hienen wy tocht, want je jouwe dochs net in heal miljoen foar neat út. No leit hjir in ferhaal; ik fyn it wol hiel mooi en it is ek wol mei prachtige folsinnen beskreaun, mar ik keapje der neat foar. Ik sis by my seis hoe moat wy hjir no fierder mei. Want in dúdlike saak is, hawwe oanjûn dat der ombûgd wurde moat, en behoarlik ombûgd wurde. Dêr wurdt hjir net oerpraten. Der wurdt hjir praten oer saken dy't saniis ek al troch de hear Renia neamd binne lykas de "klant betaalt". Dat is in hiele diskutabele saak, want dat is in folsin wer't wy eigentlik net mei út'e fuorten kinne, want dan moat je alles ris op 'n rychje sette hoe't it dan sit. It minimabelied is ús wol dúdlik; dat fierre we hjirre, dat ha wy meielkoar ynstelt, dus dêr sille wy ús oanhâlde. Foarsitter, ik freegje my óf, hoe wol men der no fierder mei. Hjir leit iets, der steane in stik of wat datums yn en it ienigste wat ik fan de hear Renia heard ha is dat hy him einliks net oan dy datums hâlde kin. Ik wit ek wol wêrom net. Hy seit dat der earst ynspraak wêze moat. Nee, foarsitter, sa heard dat net. Der heard in útstel by it kolleezje wei te kommen, hoe't jimme dy ombûgingen dwaan wolle. En dan gean jo it fjild yn en dan praat jo mei de kategorieën hoe't jimme dat útfiere wolle. Sa as de hear Renia it seit, dan moat je earst mei de minsken hjiroer prate. Der binne wy folslein op tsjin, want dan frege je de minsken der moat wat besunige wurde. Ik wol dit der mar mei sizze, ik ha dat earder benadrukt; earst moat it kolleez je oanjaan wat se wolle en dan wannear't it fêstleit, gjin jo mei de minsken praten oer hoe kinne wy it meiinoander ynfolje. Oars komt der absolut neat ta stân. Der stean hiele wichtige sifers yn dat rapport. Der bin saken dy moatte ombûgd wurde, dat is hiel dúdlik. 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 34