-14- Ik neam in pear dingen; ik wol dat gewoan hjir op ter tafel hawwe ûnder oaren in efterstân by ús wegen. Dan prate we oer hiele hege sifers. Ik ferbaas my der ek enoarm oer foarsitter, dat dit in folslein útstel fan it kolleezje is en dat it net in minderhiedsútstel is. Want ik ha út de V.V.D.-fraksje wolris ferhalen heard dy't hiel oars wienen dan yn dit stik opmerke. Dat wol ik hjir toch wol efkes kwyt, want je witte soms net mear wat kant dat je út moatte. Wêrom is dit net in minderhiedsútstelMar dat sil ik aanst wol hearre. Ik krij, hoopje ik, aanst wol in twadde ronde. Ik wol it hjir earst mar by litte. De hear Van der Baan seit, wy hawwe hjir in útstel ta fêststelling fan oandachtspunten oangeande de weroriëntaasje fan gemeentlike taken en it fêststellen fan'e proseduere dêrfan. Op himsels hat it dus in frij algemien karakter. Jo kinne jo der net in bult oanfalle, wannear't jo mei sa'n útstel komme. Dat blykt yn'e praktyk dus ek wol wat. Ik moat stelle dat ik eins wannear ik it stik yn earste ynstânsje lês, my wol fine kin in tal fan útgongspuntenMar dat sil dan ek wol lizze oan it feit dat de útgongspunten frij algemien halden binne. Want jimme lizze op in bepaald stuit de klam op it wenjen, it wurkjen en it rekreearjen, werby jimme dat stelle, dat it hiel wichtich is dat in werynrjochting fan'e bebouwde omjouwing, en dat der in adekwate ûnderhâldstastân komt fan de wenomjouwing en fan'e wenningen. Ja dat binne allegear saken dêr't wy folslein efter steane. Allinne it ynfoljen dêrfan en it konsekwint tapassen fan dit soarte rigels yn'e praktyk sil mooglik dochs wol hiel wat mear tûkelteammen jaan as jo op dit stuit ek mar yn'e gaten hawwe kinne. It sprekt ús as F.N.P.-fraksje oan dat jimme net allinne de grutte kearnen oandacht jaan wolle, mar dat ek de lytse kearnen it oandacht hâlde yn gemeentlike útgongspunten. Wy tinke dat dit hiel goed is foar in plattelênsgemeente as Boarnsterhim. Lykwols hienen wy by it wenjen noch wol wat taheakje wollen. Benammen omdat by it wenjen yn wezen ek in wichtige faktor is, it ûnderwiis. Ik tink dat wy yn ús gemeente besykje moatte, om de ûnderwiisfoarsjennings dy't der binnen yn alle gefallen op peil te hélden. Dat dat ek in saak is dy't wy as utgongspunt meinimme moatte. Wy hawwe al jierren en jierren besocht om by de útgongspunten fan it belied te tinken oan de kategory dy't wy dan de beheinden of de handikapten neame. En hoewol't wy der al jierren op hammere hawwe, konstatearje wy as F.N.P. dúdlik dat dat belied net ta stén kommen is, en dat dy útgongspunten ek net hantearre wurde. Wy soenen o sa graach wolle dat by dit wenjen yn alle gefallen dat as inklusief belied taheakke wurdt. Wy fine dat o sa wichtich want dat is ek in kategory dy't dúdlik by ús heart en ta us befolking heart. Dy moatte wy deryn behelje en bybehelje en dy moatte ús omtinken spesjaal hawwe liket ús ta. Pas dan foldogge wy oan de kwaliteit fan goed wenjen, ek foar de oaren. nuntr ia

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 35