-15- Oangeande de werkgelegenheid, stelle jimme dus ek al dat wy dat yn in wat grutter ramt binnen it Stêdsgewest besjen moatte. Ik tink dat dat wol krekt is. Oan'e oare kant moatte wy ús der net al te folie op blyn staarre, want wy witte dat yn Ljouwert altyd noch sa'n 27% fan'e befolking wurkleas is. Dat is in ôfgryslik heech tal en wat dat oanbelanget tink ik dat dat foar ús as perspektyf net sa oantreklik is. Hoewol ik wit dat in grut part fan ús minsken hjir yn Boarnsterhim yn'e stêd Ljouwert wurk fynt. Mar it is net sa dat wy dêrmei stelle kinne dat binnen Ljouwert wol in romme arbeidsmerk wêze sil en dat wy ús der op rjochtsje kinne, dat dat foldwaande wêze sil. By wurkgelegenheid tink ik dat it altyd noch sa is dat dy mei schepen wurdt troch dat jo in befolking hawwe dy't yn alle gefallen op it mêd fan'e kennis, it ûnderwiis, goed foarme is. Ik tink dat dat miskien wol mear effekt hawwe kin. Yn alle gefallen moatte wy dat as faktor grif ek meinimme liket my. Jimme stelle dat it rekreearjen, yn jimme belied in útgongspunt wêze moat en in oandachtspuntIn wichtich oandachtspunt, dat bin ik mei jimme iens. It foartsterken fan de toeristyke en rekreatieve mooglikheden, ja, kwalitatieve ferbetterings fan foarsjennings yn struktuer, ja, akkoart. Allinne ik konstatearje dat wy yn'e óf rune jierren dat wy hjir yn Boarnsterhim wenje dochs net datjinge krigen hawwe wat wy graach woene. Ik wol neame dat der yn dy of rune 6 jier dochs hiele negative ûntjouwings west hawwe, dy't wy seis yn'e hân hienen foar in part, dy't wy net goed ûnderkend hawwe. Dan wol ik ûnder oaren memorearje dat bygelyks de brêgehichten yn Rykswei 32 en by de Jirnsumersyl sadanich ynrjochte binne, dat we sizze dat hat de toeristyske mooglikheden foar Grou, Jirnsum en Reduzum gjin goed dien. En dan sis ik het sunichjes. Ik tink dat wy dêr letterlik de boat mist hawwe. Wannear't ik sjoch nei de Pikmar en de Wiide Ie, dêr't op dit stuit dochs fan sein wurde moat dat de djipte fan dy wetters ien fan'e earste easken is dy't we hawwe, dan is dat lange tiid, lange jierren lizzen bleaun. Mei as gefolch in negatieve ympuls nei de mooglikheden dy't wy yn dizze omkriten op rekreatyf gebied dochs wol hawwe. Dan praat ik noch net iens oer de ellinde as gefolch fan it rekreaasjeoord. Ik tink, dat dy saken my gelyk jouwe yn it feit dat de fisy dy't wy ûntwikkelje wolle yn"e praktyk net goed fertaald is. Ik hoopje dat de oandachtspunten dy't jimme hjir neame ús ek werklik heech lizze. Dat wy miene wat wy op in bepaald stuit sizze. Want wy kinne it wol opskreauwe, mar dan moatte wy it ek útfiere, dan moat it ús ek earnst wêze. Ik haw oant no ta de earnst net altyd yn dy saken sjoen. De algemiene oandachtspunten hienen by de P.v.d.A.-fraksje beswieren. Ik haw dat yn earste ynstânsje ek sein doet wy de saak behannele hawwe. Mar ik haw oan'e oare kant ek begrepen dat dy algemiene oandachtspunten gjin absolute wearde takend wurde moasten. As dat sa is haw ik der minder beswieren mei. It betinken dat de P.v.d.A.-fraksje hjir del lein hat, dat wy seker in utgongspunt as "de klant betaalt" net as absoluut útgongspunt neame kinne, wol ik hjir ûnderstreekje 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 36