-16- Wat it minimabelied oanbelanget, de wurden dy't de hear Renia deroer sprutsen hat, dy binne my rjocht út it hert grepen. Ik fyn yndied dat it net sa wêze mei - útgeande fan it belied "de klant betaalt" - dat wy earst de minima oer de râne triuwe en dan letter sizze: Wy komme dy helpen. Op dy wize moatte wy fansels gjin politiek fierre. Dat is net reëel en dat is net sa't wy dat seis ek sjogge. De F.N.P.-fraskje fynt dat de oandachtspunten sa't dy hjir neamd binne, der seker ek by hearre. Mar wat ik it allerwichtichste fyn en dat ha jo sa krekt ek efkes neamd mei dat wat jo tsjin ús siktaris sein hawwe doe't jo stelden dat betrouwen de hoekstien wêze moat fan'e demokrasy. Foarsitter, dat is no krekt wêr't it hjirre omgiet. Der wy as gemeente seker ek fan útgean moatte. Dan sis ik dan moat it ek in oandachtspunt wêze. Ik woe dus graach dat wy yn dy oandachtspunten oanjouwe, dat wy it werom winnen fan it betrouwen nei de befolking ta - want dat ha wy ferlern, dêr moatte wy earlik in wêze - as ien fan'e wichtichste doelstellings nei foaren helje. Wannear't jimme prate oer in fleksibele organisaasje, dan sis ik ja, in fleksibele organiaasje. Mar ik hie eigentlik leaver wollen dat der stien hie in goed rinnende organisaasje of in goed wurkjende organisaas je. Dan is der altyd wol ynherint mei dat it ek flexibel wurket. Mar ik tink dat hiel wichtich is dat wy der foar soargje dat it allegearre goed rint. Dan wat it oare oanbelanget. Wy hawwe ek wat de belêstingdruk oanbelanget yn Boarnsterhim op dit stuit in taak, tink ik. Ik soe dat ek as oandachtspunt neame wolle. As wy nammentlik as earste stelles Jonges besykje yn alle gefallen dy belêstingdruk sa mooglik werom te kringen, dan tink ik dat dat in hiel sûn útgongspunt is. Want op dit stuit rinne wy it gef aar dat wy sizze o ja jonges it moat kostendutsend wêze. Dat binne gefaarlike útgongspunten, omdat je dan op in bepaald stuit hiel maklik in tsjinst en in organisaasje de frije hân jouwe. Mar jonges it wurdt djoerder, ach no fijn, de tarieven omheech en dan binne wy der wer. Ik fyn dat dat net moat. Dat wy as ried en as kolleezje, dat einliks te foaren kommen moatte. Dat heart ús útgongspunt te wêzen. Oan't ein, de hear Breeuwsma hat sein alle politieke partyen dy soenen dit allegearre ûnderskriuwe kinne. Wy hawwe wat nije eleminten deroan ta. Mar der is ien ding dat ús as F.N.P.-fraksje nog efkes fan it hert moat. Dat is nammentlik dat by alles, by it wenjen, it wurkjen en it rekreearjen, wis ek it fuortsterkjen fan de eigen taal en de kultuer oandacht ha moat. Ik soe ôfgryslik graach wolle dat it kolleezje dat oernimt en dat wy dat yn dit gehiel dus ek opnimme. Dat wienen fan ús kant op dit stuit de saken. Wat de finansjele kant oanbelanget noch it folgjende, jimme wolle sûnder mear in kredyt fan 15.000, omdat de ploech Elf+ dat nedich hawwe soe. It is my net helder op dit stuit wêrom en werfoar sy dy 15.000,— nedich hawwe. Ik fyn as jimme mei dit utstel komme, dan moatte jimme ús dúdlik meitsje wêr't it foar nedich is en hoe't men it brûke wol. Dan ha wy as ried kontrole oer de utjeften en dan kinne wy ek op ferantwurde wize dêr in beslút oernimme. m O ATT 1 C.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 37