-17- Punt d. Wolle jimme de "eenmalige vrijkomende fiananciële middelen te reserveren voor de bestrijding van kosten voortvloeiende uit het project dat dient te leiden tot het bestuursplan", dan sik ik nee Der binne wy op tsjin. Want wy wolle witte wat giet der yn. Dat witte wy op dit stuit net, dan jouwe wy in frijbrief foar eat dêr't wy totaal gjin sicht op hawwe. Dus wat punt d. oanbelanget, sizze wy op foarhân nee. Mar wat c. oanbelanget wolle wy graach efkes it andert fan it kolleezje ôfwachtsje De hear S_jBouma seit, sa lang as de foarige sprekkers besykje ik it net te meitsjen. It wurd is jûn oan'e ried. Wy hawwe de hearen ûndersykers de opdracht jûn om ien en oar te ündersykjen en sy hawwe dat hiel goed dient yn gearwurking mei it apparaat. Dat mei tink ik wolris efkes memorearre wurde. Der is in sood tüd, enerzy en jild yn stutsen en der is ek aardich wat útkommen, teminsten dat ha wy oanskowe kinnen, twa dikke mappen. Alle ûnderwerpen en alle thema's alles hawwe se by de kop hân. Feitlik koe de ried it seis ek dwaan, soenen jo sizze. Mar dêrfoar hawwe wy dy minsken ynhierd. No is it wer oan'e ried om te sizzen wat hy wol. Ik tink dat de siteaasje of de gong fan saken sa 't jimme dy útstelle, it meitsjen fan in bestjoersplan, ús ynstimming hat. Jimme hawwe der in tal fan yngrediënten foar oanlevere. Der woe ik efkes bylâns rinne. Bepaalde thema's dy der foarop stean komme moatte dat binne it wenjen, it wurkjen en de rekreaasje. By it wenjen dêr ha wy in lytse oantekening. Jimme sizze dêr, dat jimme in beskieden groei neistribje. Ik tink dat jimme einliks wat mear moatte, teminsten dat tinkt ús fraksje. Jimme moatte in bytsje mear neistribje dan beskieden. As jo beskieden groei realisearre wolle dan moatte jo in bytsje mear besykje nei te stribjen. Wy witte wol wy hawwe dat seis net yn e hân. It Streekplan hat ek in tal beheinings, teminsten dy bringt it mei himt mei. Der lizze bepaalde dingen yn fêst dy't dat net altiten maklik meitsje omdat te realisearjen. Mar ik tink dochs dat jo jo derop rjochtsje moatte om wat mear dan beskieden te wezen. Dan kin it altyd meifalle en oars kin it noch wol tsjinfalle. Oan'e oare kant kinne wy ek konstatearre dat it tal ynwenners yn Fryslân al jierren op itselde is. Dus in soad yllúzjes moatte jo dêr oan'e oare kant ek net by hawwe. Mar it wurdsje beskieden dat mei fan us wol in bytsje oandikt wurde. Dan komme wy by it punt wurkjen. En dan benammen by de léste alinea. Der stiet in stikje oer it oanlûken fan nije bedriuwichheid. Der moat no acht slein wurde op de miljeu-aspekten. Dat is op himsels wol wier. Oan'e oare kant tink ik: Jo moatte fansels alle war dwaan jo gemeente binnen te heljen. Dat is goed foar elkenien en ek foar de gemeente. Oan'e oare kant moatte jo der net té folie betingsten bystelle. Wy woenen der ek omtinken by jaan foar it stimulearjen foar de besteande wurkgelegenheid en de wurkgelegenheid yn't bûtengebiet. Dan tink ik benammen oan de agraryske sektor, dat is ek hiel wichtich. Dab moatte wy al mei al net ferjitte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 38