-18- Dan krije we in tal algemiene oandachtspunten. No, de measten dêrfan kinne wy ús prima yn fine. De hear Breeuwsma woe wat fan ús hear re, ik wit net krekt wat er no bedoelt. Miskien kin hy ús dat aans dúdlik meitsje. Oars sil ik besykje dat him dúdlik te meitsjen. De "pulserende overheid", dat is in thema. Ik tink dat it hiel goed is sa as it der stiet, yn tjinstelling mei wat de P.v.d.A.-fraksje seit. Ik kin my derby foarstelle dat jo dat út en troch ris hifkje wolle. Dat nimt net wei dat it begryp "pulserende overheid" op himsels yn stân halden wurde kin. Ik tink dat jo gewoan yn in organisaasje bepaalde doelen neistribje. As jo dan op in stuit sjogge hoefier as jo binne, kinne jo wat bystsjoere Mar de term "pulserende overheid" dat sprekt ús op himsels wol oan. Wy woenen dat gewoan stean litte. Punt b. de "klant betaalt" dat stiet tusken skrapkes. Der kin men ferskate kanten mei op. Wy hawwe mear de klam lizze wollen op it kostendutsend aspekt fan bepaalde tsjinsten. Oan'e oare kant binne der ek bepaalde dingen dan dêr't jo net sûnder mear fan sizze kinne: Dat moat de klant betelje, net tjinsteande de priis. Sa wurket dat gewoan net. Punt c. het minimabeleid. Wy hawwe in minimabelied. De V.V.D.-fraksje kin har der wol yn fine. Mar yn'e presentaasje op 3 septimber waard ek de mooglikheid skepen om groepen minsken dy't in ynkommen hawwe boppe in bepaalde grins, dat dy taslagen betelje moatte foar bepaalde dingen. Ik tink net dat wy as Liberale fraksje der op sitte te wachtsjen. Ik tink ek dat dat in stik wurk mei him meibringt. Dat moatte jo allegearre fêst lizze, dat moatte jo kontrolearje, en dat moat net in doel op him seis wêze. It minimabelied op himsels dat wy hawwe, fine wy prima. Mar it moat net in ynstrumint op op himsels wurde om der in amtner op te setten en allegear regels en allerhande dingen te betinken. Dat wurket op in stuit tsjin jo. Dus dat woene wy net al te wiidweidich meitsje. Jo moatte it sa dúdlik mooglik meitsje en foar de echte doelgroep dy't oanbelanget op sa'n wize meitsje dat it der echt foar wurket. Fierders net te folie poeha derby. Punt d. het benutten van de commerciële mogelijkheden. Der misse wy it wurdsje privatisearring. De hear Remia, dy hat it wol efkes oanhelle. Sa kin je sjen dat elke politike party der dochs bepaalde dingen uithellet, dy't in oar net lest. Mar it stiet der net mei safolle wurden. Wy tinke dochs dat it wichtich is om der oandacht foar te freegjen. Punt e. en f. het efficiënt aanwenden van financiële middelen en een flexibele organisatie. Dat binne thema's dy't al jierrenlang yn it V.V.D-programma stean. Miskien is dat nei de hear Breeuwsma ta rjochte, dat woenen jo miskien hearre. No dat kinne wy dus alhiel ûnderstrepe. Yn it aljemien tink dat wy mei dizze yngrediënten dy't liede moatte ta it opmeitsjen fan in bestjoersplan prima út'e fuotten kinne. Ik tink dat wy jimme dêrmei in bulte sukses tawinske moatte, mar de V.V.D.-fraksje kin it yn grutte halen best ûnderstreekje. 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 39