-19- Mevrouw Van den Berg zegt, wij zouden graag van u willen weten of u die 15.000,nog wat nader kunt omschrijven, en wat voor inzicht kunt u ons geven uit wat voor vrijkomende middelen dat in 1991 wordt gedekt. Verder hebt u het over de incidenteel beschikbaar komende middelen en tevens nog over een mogelijk rekeningsoverschot over 1990. Wij willen toch wel graag daar cijfers bij hebben, zodat wij weten wat wij eigenlijk reserveren en wat wij eigenlijk beslissen. Wij hebben daar toch wel even onze vragen zo over, en hopen dat u die kunt beantwoorden. De voorzitter schorst voor een ogenblik de vergadering. De voorzitter heropent vervolgens weer de vergadering. Wethâlder Bloem seit, wy hawwe in grut tal reaksje krigen op it útstel nûmer 6 it kommen ta in proseduere en oandachtspunten oangeande de "gemeentelijke taken en vaststelling tot standkoming bestuursplan" sadat it dan offisjeel hjit. Wy hawwe lokkich in grut tal reaksjes krigen. Ik tink dat it in hiele goeie saak is, want dit stuk is mei de oanset ta it nimmen fan besluten aansen hoe't wy yn'e takomst mei Boarnsterhim fierder wolle. De útspraken dy't jimme no dogge, de útspraken dy't ek ferwurke binne yn it útstel, dy hawwe wy nedich om op dizze wize ynformaasje te krijen, oer hoe wy in oantal saken yn'e takomst oppakke wolle. Hoe't wy al dy saken dy't wy graach realisearje wolle yn ús gemeente fertale sille. It is miskien wat ûngebrûklik om it op dizze wize te dwaan. Meastal komt men al kompleet mei in útstel en der melt men dan yn hoe en wat en hokker eftergrûnen der binne. Wy hawwe der dizze kear foar keazen om jimme ûnder de rit dochs wat ynformaasje te jaan en de mooglikheden te jaan om ús dêr fan jimme miening op'e hichte te stellen. Dêrnêst is it sa dat definitive útstellen uteraard 15 novimber troch it kolleezje oan jimme oanbean wurde sille. Op dat stuit tink ik dat it it momint is dat jimme it úteinlike oardiel jaan moatte oer dizze utstellen. Dat is dan oan jimme as ried is de saak te beoardielen, op wat foar wize wy omgongen binne mei dy oandachtspunten. Mar ek hoe wy omgongen binne my al de opmerkings dy't jimme hjoed makke hawwe. De ynset fan dat alles is in kar te meitsjen om romte te sykjen om in oantal saken dy't wy fan belang fine dan wol saken dêr't wy eigentlik lang net genôch oan dien hawwe mooglik te meitsjen. Dat sil wat ferskowingen te weech bringe, dat sil mooglik wat pine jaan. Wy hoopje dat wy yn it bestjoersplan it ek sadanich dúdlik meitsje kinne, dat minsken sizze: Wy moatte miskien in oantal saken wat oars organisearje, mar wy krije der mei syn allen in protte foar werom. Wy hoopje dat wy mei it bestjoerplan, yn elts gegal op it moment dat wy it yn'e ried oan'e oarder stelle, it betrouwen fan'e ried krije en dêrmei ek fan'e befolking. 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 40