-20- Dan de opmerkings sa't dy makke binne. Ik behien my earst efkes ta de tema's wenjen, wurkjen en rekreearjen. Der wurdt wat ferskillend op reagearre. Der wurdt oan'e iene kant sein, fan no ja dat bin saken dy binne hast iepen duorren, der kin elkenien it mei iens wêze. Ik tink as dat sa is, dat wy dan in goeie kar makke hawwe út dy dingen dy't kennelik hjir libje. Oan'e oare kant hat it dochs sa west dat in tal minsken dochs noch wat opmerkings derby meitsje wolle en der wol ik dan ek graach op yn gean. It earste punt hat te krijgen mei wat de hear Renia sei. Dy sei: eigentlik soenen jo dochs it hiele yntegrale miljeubelied wat mear omtinken jaan moatte. Ik tink dat wy dat uteraard oernimme kinne, omdat dat wat ús oanbelanget der wat yn sit. By wurkjen hawwe wy it deroer dat it miljeu-aspekt net út it each ferlen wurde moat. Ik tink dat dat ek ien fan'e wichtige faktoren is, wertroch wy hjir wat goeds hawwe om oan te bieden. Dan kin it mooglik best bepaalde spannings opleverje mei yn de sin fans wannear doch je no wat en kom je mooglik ek oare minsken wat te nei. Ik tink dat as dat oan'e oarder is dat wy dat hiel goed meiïnoander besjen moatte. Mar nochmaals, dat miljeu-aspekt, en ik tink ek dat al folie faker hjirre yn dizse ried útsprutsen is, is in saak dêr't wy hjir yn dizze gemeente grut belang oan hechts je. En wy wolle dat eigentlik ek wat bruke op in wize dy ús as gemeente fierder bringe kin. Dat is in soart reklameplaatsje, kin je sizze. As de F.N.P.-fraksje oer it wenjen, it wurkjen en it rekreearjen seit en dat slacht dan noch spesjaal op rekreearjen: "Dat binne moaie wurden en dy moat ik dan noch mar ris yn'e praktyk sjen", dan tink ik dat dat natuerlik altyd sa mei wurden is. Us bedoeling is om fan hjirút te wurkjen en jimme de gelegenheid te jaan om de útstellen fan it kolleezje, hjir ek op te beoardielen. Ik tink dat dat in hiele goeie saak is dat wy dydiskusje yn'e ried oangean. Dan sil it bést sa wêze dat yn'e praktyk troch in oantal saken miskien de doelen sa't wy dy op dit stuit steld hawwe net altyd folge wurde kinne of helle wurde kinne. Mar ik tink dat dat no krekt it aardige is, dat je sjen moatte fan: hokker doelen hawwe wy yn prinsipe en hoe tinke wy dy te berikken. Wy hoopje fansels altyd dat it sa folie mooglik slagget. Dér wurkje wy ek ta. Ik tink wy mei syn allen ús bést dwaan moatte omdat dat dan ek te berikken. Mar uteraard binne wy dêrop dan oansprekber. By it wenjen merkt de hear Van der Baan op dat der omtinken jûn wurde moat oan it ûnderwiis. It spesifyk ûnderwiis yn de ferskate plakken en ek oan it handikaptenbelied. Ik wol dat op dit stuit meinimme yn dy sin dat wy dér yn ús fierdere wurk omtinken oan jaan moatte. Wat my oanbelanget is dat mear in útwurkjen fan dy saken dy't wy neamd hawwe by in goed wenmiljeu en in goeie om jouwing foar de minsken. De kanttekening dy't hy set hat by it blyn stoarjen op Ljouwert, hat hy neffens my grut gelyk oan. Oan'e oare kant hawwe wy hjirmei sizze wollen dat as wy prate oer wurkjen dan is it sa, dy realiteit moatte wy ûnder eagen sjen, dat it útwurkjen net allinnich plak fynt hjir yn ús gemeente. Dat it ek noait it doel wêze kin om alle wurkgelegenheid hjir te krijen. Dat wy wat dat oanbelanget hiel nuchter wêze moatte en sizze moatte in diel fan it wurkjen fynt net hjir plak mar dat fynt plak yn Ljouwert.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 41