-21- Jo hawwe gelyk as jo sizze: Ek dêr is it altyd gjin rys mei rezinen, mar soe dat problemen opleverje, dan sille wy der alert op weze moatte. De V.V.D.-fraksje seit as it giet oer dy tema's "van een bescheiden groei" dat mei fan ús wol wat útbundiger dat mei wol wat grutter noch wat wiidweidiger wêze. Ik tink dat wat wy hjir oanjouwe, dat dat it úteinlike risseltaat is. Derby kinne wy ús bést foarstelle dat je miskien in ynset ha dy net yn earste ynstânsje rjochte is op in beskieden groei, mar it risseltaat der wol wêze kin. Ek hjir moatte wy yn alle nuchterheid f êststelle dat it soms al in hiele haal is om it oantal ynwenners fêst te hélden. Wy ha hjir sein: Dêr wolle wy ús net by dellizzeWy fine it dochs hiel wichtich om wol wat groei nei te stribjen omdat wy dêrfan ferwachtsje dat dêrmei de foarsjenningen ek in better draachflak hawwe. Dan komme wy ta de algemiene oandachtspunten. De algemiene oandachtspunten dy leverje ek de nedige diskusje op yn dy sin dat bliken docht dat troch de presintaasje tal fan minsken it idee krije dat it hiel absoluut bedoeld is en foarsafier wy dat net absoluut bedoele, soenen wy it net neame moatte. Wy hawwe it dochs neamd om't wy seinen dat it fan belang is om oan te jaan hokker saken in rol spylje as jo de gemeentlike taken op'e nij besjogge. Dat wy wol oanjaan moatte hokker punten wy dan tsjinkomme. Hoe't wy dêr mei omgean, hawwe wy besocht ûnder dy kopkes oan te jaan. Hoe't wy der úteinlik mei om gean en hoe't it fertaald wurdt yn definitive útstellen, dêr komme wy letter op werom. Mar dochs in oantal punten lizze dan wat swier. Ik tink dat as ik dy puntsjes bylâns rin, dat wat "pulserende overheid" oanbelanget, ja oft it kopke der no boppe stiet of net, wy eigentlik itselde bedoele as wat dêr dochs ek wol neamd wurdt. Sa út en troch sil in gemeente har weroriëntearje moatte op de taken dêr't sy mei dwaande is. Wat de útslach fan dy weroriën- taasje is, wat de reden binne om mei bepaalde aktiviteiten troch te gean danwol nijer op te pakken, dat is hiel ôfhinklik fan it moment wêrop dat bart. Ik tink dat wat dat oanbelanget de aktiviteit op himsels, nammentlik dat men soks sa út en troch ris dwaan moat, nochwol oerein stiet. Salang 't der hieltiten nije ferlangens by ús dellein wurde, ferlangens der't wy fan sizze dy bin eigentlik hiel terjochte, salang 't dêr net tsjinoer stiet dat der fanút oare bronnen dan ús eigen, ekstra ympulsen komme om ek dy inisjativen oer te nimmen, tinke wy dat wy ta dat op'e nij bes jen fan taken komme moatte. Mar uteraard ek ta in goeie beoardieling fan dy nije aktiviteiten of je dy no wol sa dwaan moatte. Dan "de klant bellet". Ik tink as wy it kombinearje mei it minimabelied ús útgongspunt is dat safolle mooglik foarsjenningen tagonklik wêze moatte foar minsken. Dat safolle mooglik minsken gebrûk meitsje kinne moatte fan alderlei foarsjenningen. Mar dan efkes wer werom nei it earste ferhaal oer dat jo jo wolris besinne moatte op allehande taken - it kin bést sa wêze dat je op ien of oar momint der dochs wat mei yn'e knel komme. 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 42