-22- Wy wolle wat dat oanbelanget stelle dat it útgongspunt bliuwt dat minsken safolle mooglik dielnimmen bliuwe oan foarsjenningen, mar dat wy der oan'e oare kant ek net oan ûntkomme dat èn wy as totale oerheid, mar mooglik ek minsken dy t gebrûk meitsje fan foarsjenningen, in kar meitsje moatte sille. Dus in dy sin kin it wêze dat wy sizze: wy kinne net alle foarsjenningen mear oerein hélde. Dat soe ynhâlde dat dy hielendal ferdwine. Oan'e oare kant kin men ek sizze: "Miskien moatte wy dochs op in oare wize dy saken finansierje wêrtroch alle minsken der wol gebrûk fan meitsje kinne". It bliuwe wat algemiene saken en ik tink dat it hiel wichtich is dat as wy mei syn allensizze kinne fan dy útgongspunten op dize wize, der kinne wy ús ridlik yn fine, dan komme de konkrete útstellen noch wol nei jimme ta. De keppeling nei it minimabelied, ik tink wat dat oanbelanget der wat in lytse betizing is. It is sa dat wy op dit stuit noch net in minimabelied hawwe. Wat wy op dit stuit hawwe dat it is in frijskattingsbelied. Ik ha hiel goed begrepen dat it fansels net de bedoeling wêze moat dat jo earst minsken einlik oer de râne wippe en dan sizze, kom der mar efkes by middels dat minima-belied. Ona'e oare kant tink ik dat wy wol ta wolle nei in systeem dêr't yn elk gefal neigongen wurdt, op hokker wize jo de lesten ek wat ferdiele kinne sadat sa folie mooglik minsken noch hyltiten gebrûk meitsje kinne fan dy aktiviteiten. In minimabelied soe der mooglik in metoade foar wêze kinne. Ik begryp dat jo der hiel foarsichtich mei omgean moatte. Der sitte in pear pynlike aspekten oan. Der binne miskien ek oare mooglikheden, oare modellen om itselde doel te berikken. Dan tink ik mooglik oan draachkrachtsitewaasjes. Dêrby moatte wy dan ek stelle dat it fansels net sa it dat alle tsjinsten fan hjoed op moarn kostendutsend wêze moatte. Ik tink dat wy der ek fan seine no dat sil lang net foar alle aktiviteiten jilde en sa't de F.N.P.-fraksje ek terjochte meldt, dat soe noait ynhâlde dat it in frijbrief wurdt. It is hieltyd wer ús taak as kolleezje en ek de taak fan'e ried om der hiel hoeder op te wêzen en goed te witten dat de saak net út'e hân rint, allinne út it feit it wurdt dochs wol betelle. By punt d. "benutten van commerciële mooglikheden" is Privatisearring neamd as in mooglikheid wêrby der wer in oanfolling is fan dat soenen je dwaan moatte mei uteraard in tal saken dêr't je dan op lette, bygelyks betingsten. Ik tink dat wy ús der folslein yn fine kinne, dat wy dy saken der ek derby belûke. By de punten e. en f. giet it om it effektyf en effisjint brûken fan finansjele middels en in fleksibele organisaasje. Ik tink dat wy dat yn dy sin wol wat kombineare kinne, dat it yn beide gefallen fansels giet om in effektyf en effisjint wurkjende organisaasje dy't dan ek mooglik de nedige fleksibelens hawwe sil dy uteraard bedoeld is om dúdlik te wêzen rjochting boarger, en dêr't in boarger betrouwen út hellet. Ik tink dat ik in punt ferjitten bin en dat giet oer de tema's. Dêrby is opmurken dat as apart oandachtspunt it omtinken foar it eigene fan dizze omkriten derby behelle wurde moat. Ik tink dat dat foar ús eigentlik in saak is dy't ynherint is oan de tema's sa't wy dy hjir beskreaun hawwe. Om dêr in apart punt fan te meitsjen, giet ús op dit stuit efkes wat te fieren.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 43