-23- Dan wat de tiidsplanning oanbelanget. It moat jimme dúdlik wêze, ried, dat der op 18 oktober in útstel komt fan it kolleezje. Dat jimme dan sjen kinne fan wat wy dien hawwe mei al dizze saken dy't wy hjir yn earste ynstânsje oan jimme oanbean hawwe. En ek wat wy dien hawwe mei jimme reaksjes dêrop. Dan komt de saak, en dat wie ek de fraach fan'e hear Breeuwsma, kom no ris in kear mei dat ferhaal, fertel no ris wat jimme fan plan binne. Dat is it momint dat it barre sil. Op dat stuit sille wy oanjaan wat jimme en ek de boarger der foar werom krije, wat dat foar ferbetteringen oplever je sil. As it dan giet om'e ynspraak, om de reaksje fan'e befolking op in tal saken, dêrfan wol ik eigentlik it folgjende sizze. Fansels is it ús bedoeling om dêr op in sekuere wize mei om te gean. Lykwols op dit stuit is eigentlik noch net dúdlik te sizzen oft dat jilde sil foar alle ûnderwerpen dy't dan oan'e oarder komme sille. Wy stelle us dêrom it folgjende foar: "Foar de 18de oktober sil der dochs wat mear dúdlikheid wêze oer de ynhâld fan'e saken en ús bedoeling is om mei it oanbieden dêrfan ek de ynspraaksitewaasje dúdlik te meitsjen en ek oan te bieden. Wy wolle dat yn't foar, hifkjen mei de HERO-wurkgroep, dy't dan mooglik mei ús betinke kin, wat in goeie wize fan fierdere behanneling is en wat net. Dat liket ús fan belang. Mar it kin bést wêze dat der Onderwerpen binne dert wy fan sizze dy freegje net in protte ynspraak dy kinne jo by wize fan sprekken fan hjoed op moarn ynfiere. Mar der bin ek saken dy't mooglik wat gefoelicher lizze dy't ek langer wurk nedich hawwe en dy't wy miskien net iens dit jier al hielendal útite moatte, mar wer wy fan sizze moatte, dat moat op in oar momint. Dat sil út de soart útstellen dúdlik wurde. De finansjele kant fan'e Elf+, de fraach nei wat de bedoeling is fan dy 15.000,--. Dy is bedoeld foar eksterne stipe dy't wy tinke nedich te hawwen om dit bestjoersplan definityf yn'e steigers te setten. It kin ek wêze foar ferbliuwskosten en neam mar op. Jo moatte jo ek wolris efkes goed werom lûke. Yn elk gefal om dat soarte saken giet it dêr. Dan is der in fraach oer punt e. "de éénmalige vrijkomende financiële middelen te reserveren voor enz.". Ik tink dat it no net de bedoeling is om te sizzen: "Minsken dêr nimme wy no dat beslút oer, om dat dêr en dêr oan te besteegjen". Wat wy hjir fan sizze wolle, is feitlik: Wy binne no dwaande om de rekkening fan 1990 of te sluten en om ús ta te rieden hoe't wy dy presentearje sille. Wat wy no eigentlik sizze is, dat wy it foarnimmen hawwe jimme gjin dêr neiere útstellen oer te dwaan as der sprake wêze sil fan in rekkeningsoerskot. Uteraard beslisse wy dat op dit stuit net definityf. Wy sizze eigentlik fan alle middels dy't op in stuit frij komme, dy soenen wy eigentlik net op foarhân al mei bepaalde nije doelen belêste moatte. Dy soenen wy eigentlik frij hâlde moatte. Foar al dy doelen dy't wy ús yn it ramt fan it bestjoersplan steld hawwe. It hâldt dus net yn dat wy sizze dêr komme jimme noait wer oan te pas, nee it hâldt eigentlik mear yn dat wy fan jimme no it signaal krije kinne: Dat is in goeie saak en kom der op ien of oar momint wer op werom. Dat is de ynstinsje fan dat ústel. 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 44