-24- De hear Rgnia seit, ik bin wol aardich wiis mei alle wurden dy't de wethâlder sprutsen hat. Mar ik moat dochs der fuort noch efkes by opmerke dat de wethalder begong is mei te sizzen dat h^ir harke wurdt nei de ried* Om mei de opmerkings dy't hjir út e ried konuneit konkrete ferhaal, it komplete bestjoersplan, mear stâl te jaan. Ik tink dan ek dat it goeie saak wêze sil om hjir dúdlike utspraken te kommen. Je kinne fansels wol in mooie kop meitsje en derûnder dan wer ferskillende saken wat fersluierje of oarsom. Ik tink net dat de minsken fan Elf+ ©u de oaren dy't derby belutsen binne dermei tsjinne binne. Ik tink dochs dat dizze ried wat in wei oanjaan moat. Ik begjin mar efkes fan boppe óf, itselde rychje by del as de wethâlder. Ik bin wiis mei it oernimmen fan it yntegraal miljeubelied as yn ien fan de doel stelling© yn dizze gemeente. Der kin ik allinnich mar posityf oer wêze. Nei de oandachtspunten ta. As it sa is dat wat hjir stiet ûnder "pulserende overheid" oars net bedoeld is as it wer-itigjen fan de taken fan de gemeente op periodike basis, dan kinne wy der fansels mei akkoart gean. Ik moat út'e wurden fan'e wethalder begripe, dat dat sa bedoeld is. Sa't it hjir yn it stik stiet, is it hiel wat oars. Ja, ik moat dudlik wêze, ik sis it mar efkes. As dit de yntinsje is, dan siHe wy ús hjir fierders net tsjin fersette. Ik hie dêr dan leaver in wat bettere omskriuwing hawwe wollen. Punt b. Ja, dat bliuwt fansels slim. It stiet der sa as it der stiet en sokke kreten begjinne gewoan in eigen libben te lieden, dy moatte wy dêr net stean litte. Ik tink dat wy der gewoan delsette moatte wat wy foarsteld hawwe. Ik hâldt der foarlopich ek oan fêst. De wethalder hat wol sein dat de tagonklikheid waarborgd wurdt en dat we fansels oan in sekere mate fan kosten- dutsenheid net ûntkomme kinne. Nee, bést! Ik wol dan mar gewoan útstellen bliuwe dat it útgongspunt wêze moat de tagonklikens fan faorsjennings foar sa folie mooglik boargers, dat it draachkrachtprinsipe dêr in rol by spylje kin en yn ús opsje seis spylje moat. Wy moatte by bepaalde saken net by útslute dat it kostendutsenheid-prinsipe hantearre wurdt. It is presies sa as ik miis sein ha, ik hâldt it foarearst noch fêst. In minimabelied binne wy net tsjin, mar de problemen dêrby ha ik ek al oanjûn. Hoe fiere jo dat út. Hoe berikke jo de minsken krekt boppe de grins. It giet net allinne om minima. It binne net allinne minima dy't bekind binne by Sosjale Saken dy't yn'e ellinde telône komme. It binne ek de minsken dy't mar in gewoan leantsje fersjinje en dy t konfrontearre wurde mei in hierferheging fan 25% yn fjouwer jier, mei djoerder iepenbier ferfier, mei as de "klant betaalt" hjir troch gean soe, folie djoerder foarsjennings yn dizze gemeente, mei reini- gingsrjochten, dy't omheech geane, mei rioelrjochten dy't omheech gean. Sjoch as jo dan in minimabelied fiere wolle, dan moatte jo wol witte wat jo dogge, want it is in drege matearje. Derom tinke wy dat úteinlik sa min mooglik nedich wêze moat. Dan is it ek sa maklik mooglik yn'e útfiering.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 45