-25- Wy soenen der yn elk gefal by skrast ha wolle, dat it in gefolch wêze moat fan b., want it past net yn ús fisy en dat bliuwt yn it ferhaal fan'e wethâlder stean. De privatisearring dêr kin it kolleezje him mei ferienigje. Mar dan wolle wy der wol graach ús trije punten by deputearre, de kontinuïteit, de rjochten fan it personiel en de finânsjes dy't dêr in rol by spylje. Dat binne foar ús dochs wol trije betingsten. Dan haw ik by e. mist, wat wy opmurken hawwe oangeande dat de effektiviteit en efficiency ek jilde moat foar it omgean mei it personiel foar it pleatsen fan personiel. Dan liket ús like wichtich as it omgean mei de middels. It hat ek wol bliken dien yn it ûndersykWêr't op in bepaald stuit op'e iene ôfdieling te min en op de oare ôfdieling te folie sitte wurdt net efficiënt mei de minsken om gien yn dy sin bedoele wy dat. "Vertrouwen van de burgers herstellen" hat de wethâlder neamd, is fan'e oare kant wei kaam. No dat dat in plakje kriget by f., fine wy prima. Tiidsplanning: Ut it ferhaal fan'e wethâlder kinne wy begripe dat foar bepaalde terreinen dizze tiidsplanning net helle wurde sil. Wy freegje ús dus óf moatte wy dat dan sa stean litte, want dan wurdt it dochs in soart keursliif wêr't wy yn moatte. Kinne wy dat dan net better as in stribjen omskriuwe. Mar net sizze fan dan bart dat, dan bart dat en dan bart dat. Want dat is net te heljen foar bepaalde saken. Dan wol ik efkes nei Breeuwsma, wy hienen wat betizing oer Breeuwsma syn gehoar en wol ik sizze dat ik dúdlik sein ha, dat in normale proseduere folge wurde moat. Dus dat der earst in útstel komt en dat it dan yn'e ynspraak komt. Der hoege wy gjin ferskil fan miening oer. Dan noch efkes oer it allerlêste dat der neamd is. Dat oerskot dat der mooglik wêze soe, wurdt dat dan parkeard yn'e algemiene middels, sa dat it ek brûkber is foar allerhande oare saken of komt der no in spesifyk potsje, V.M.A. sil ik mar sizze der't wy fierders net oankomme kinne. Ik soe dat dan wol in beheining fine. De hear Brepuwgmfr seit, ik ha der niis ek al wat fan sein. Mar in pear dingen wol ik noch wol efkes neame. It stik as sadanich dêr kin ik net safolle op oanmerke. Dat stik der sitte in hiele bulte goeie dingen yn. Der binne niis ek noch in pear opmerkings makke troch de wethâlder dêroerIk haw dêr efkes by opmurken, en sa by mysels tocht, by minima fansels dy kin je wol temjitte komme. Ik fyn dat is in essensjele saak, dy kin je wol temjitte komme. Mar hjir leit in hiel ferhaal en dêr haw ik niis ek efkes oer praten, dat is basearre op in ûndersyk dêr't twa jier oer gongen binne, dêr't wy 24 juny in hiel soad sifers fan krigen hawwe. Dêr't yn neamd stiet en der wol ik ek dúdlik yn wêze, dat wy eigentlik as wy goed wurk levere sille, fia dy ûndersikers 6 ton yn 1992 ombûgje moatte en dat giet sa troch oant 1994 ta, en dan komme op in hiel heech bedrach. Oft dat te heljen is wit it net. Mar as wy no mei in hiel ferhaal hoet it allegear moast en net moast, twa moannen dwaande west hawwe en it duorret noch wol in moanne, dan komme wy krekt teloane dêr't niis de hear Renia ek sei: dan sil dy tiidsplanning wol wer te krap wêze. En dan is 1992 foarby. Want as it yndied sa moat, dan is 1992 foarby. Dus dan dogge wy dy ombûging dan dat jier al net. 0120V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 46